Resultaten (71)

14,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Abe en de Aardichman

2022 || Hardcover || Tialda Hoogeveen || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?

In sfearfol ferhaal oer in jonkje dat syn eangst oerwint mei prachtige yllustraasjes. Foar bern...

15,00
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Jelle en juf

2022 || Hardcover || Mirjam van Houten || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Jelle is gewoan in leaf, tûk, sterk en grappich jonkje. Mei in hiel soad fantasy. Dat wol. Jelle syn luie each is soms sa lui dat it thús op de bank lizzen bliuwt te tillefyzjesjen. Jelle komt te let omdat er ûnderweis nei skoalle rúzje hat mei in babydino. Jelle hat altyd aparte fratsen. Juf hat it der mar drok mei …

Fiifentweintich humoristyske foarlêsferhaaltsjes mei prachtige yllustraasjes oer it fantasyrike jonkje Jelle en syn juf dy’t soms strang, mar ek hiel leaf is. Foar bern...

6,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Leave pake Durk

Hardcover || Auck Peanstra || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Op in dei wurdt pake Durk siik en stjert. Tomke hat fertriet. Meielkoar nimme se ôfskie fan pake.

15,00
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Dingeman krijt wjukken

2020 || Hardcover || Eppie Dam || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

De twadde printinge fan de klassiker oer Dingeman dy’t tegearre wennet mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Pensjonearde pakes en útborduerde beppes dogge alles watsto wolst, en dêrom stjoere se dy ek noait op bêd. Mar as er dêr oankomt blykt it hiel wat oars te wêzen…

Eppie Dam is in produktyf en alsi...

14,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

a is fan aapke - a is van aapje

Hardcover || Eppie Dam || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

It biste-alfabet, skreaun troch Eppie Dam en yllustrearre troch dochter Ankemarije. De teksten op rym binne twatalich: Frysk – Nederlânsk. It boekje is omkearber.

A is in letter, al krekt sa’n wûnder as de Z, it sjongt en it gûnzet, sist en snettert fan bisten yn it alfabet.

A is een letter, ver weg van de Z, dichtbij zijn de dieren van het alfabet.

0-4 jier

16,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Joazefine fiert fakânsje

2022 || Hardcover || Alexander Steffensmeier || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

De postboade is mei fakânsje en stjoert syn freonen in kaartsje. ‘Fakânsjefiere, dat wol ik ek’, tinkt Joazefine, dus se pakt har tas yn en draaft nei de bushalte. As der nei in pear oeren noch hieltyd gjin bus foarbykommen is, rint se teloarsteld werom rjochting de buorkerij. Mar ûnderweis ûntdekt se flak by hûs in prachtich fakânsjeplakje. Dêr hat se in soad fakânsjewille, mar wat fine se dêr op ‘e buorkerij fan?

14,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Jorrit & Philo begjinne in klup

2022 || Hardcover || Thys Wadman || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Jorrit en Philo binne freonen. Al hiel lang. Sy sitte byelkoar op skoalle en se boartsje hast alle dagen mei-elkoar. Faak fine se deselde dingen leuk, sa as bûten boartsje. En fytse. At se op it trottoir in deade fûgel lizzen sjogge, fine se dat se dêr wat mei dwaan moatte en dêrom begjinne se fûgelklup "It Fearke. Mar....hûnen, dy binne ek leuk! Dy kinst útlitte en dêr kinst lekker mei drave! En dus wurdt hûneklup "It Sturtsje"oprjochte. Oant der op in dei in reade sportauto yn 'e s...

9,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Stikelbarchje prikkeprik

2021 || Hardcover || Baukje Wytsma || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Giesto nei dyn holtsje

Moai lyts stikelboltsje

Kom stikelbarchje prik prik prik

Sille wy boartsje do en ik?

In waarm boekje mei ritme en rym om de alderlytsten genietsje te litten fan taal en natuer.

13,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De Bjusterbaarlike Baron

Aventoeren fan de Baron von Münchhausen

2022 || Hardcover || Jurjen Faber || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen.

En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy’t skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen.

Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier.

Jurjen Faber ...

16,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Ik moat sa noadich!

2022 || Hardcover || Quentin Gréban || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Eva sil mei har mem en lytse broerke nei de merk. Mar o jee, as se dêr noch mar krekt binne, moat Eva nei de wc.

FLUCH, IK MOAT SA NOADICH!