Resultaten (71)

14,50
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

De Beam

2020 || Hardcover || Bárdur Oskarsson || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Hilbert en Bob binne freontsjes. Mar Hilbert is wat in apartenien en Bob wit net goed oft er altyd alles leauwe moat wat Hilbert fertelt.............

14,50
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Omke Ûle past op

2020 || Hardcover || Paul van Dijk || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Omke Ûle sit it leafst feilich thús. Hy hâldt net fan drokte en is oeral benaud foar. Hy is dan ek hielendal net bliid as er op syn neefke Eppy passe moat. Want Eppy wol de wrâld ûntdekke – op aventoer! Mar doart Omke Ûle dat wol?

16,95
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Hero

2021 || Hardcover || Martha Attema || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Yn de lêste winter fan de Twadde Wrâldoarloch moat Izaak syn ûnderdûkplak yn Amsterdam ferlitte, omdat it dêr te gefaarlik wurdt. Hy reizget achter op de fyts by koerierster Els nei syn nije skûlplak, in buorkerij yn it noarden fan Fryslân. En ek al binne de minsken dêr leaf foar him, hy fielt him iensum en ellindich. Pas at er freonskip slút mei it prachtige swarte hynder Hero, feroaret dat. De Dútsers wolle dy sterke Fryske hynst ek graach hawwe, en as de soldaten komme om it hynd...

12,50
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Op it bouplak

2022 || Hardcover || Susanne Gernhäuser || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Yn it nijbouplan wurde allegearre nije huzen boud en yn it sintrum fan de stêd moat in nije parkeargaraazje komme. Der ride grutte masines om foar it swiere wurk, der wurdt mitsele en timmere, elkenien is hurd oan it wurk. Op de grutte platen kinne ek jonge bern al fan alles ûntdekke en oan 'e hân fan lytse ferhaaltsjes wurdt op in ienfâldigewize útlein hoe't alles om en ta giet.

15,00
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Kyra

In skiednis dy't spilet yn it jier fan de rôt

2022 || Hardcover || Elske Schotanus || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

De Graphic Novel Kyra spilet yn it Jier fan de Rôt, it jier dat Covid-19 elk syn libben behearsket.

Foarseinen astrologen in jier skaaimerke troch lef en fertrouwen, it boadskip fan firologen soe ynearsten ienigens, en letter ôfstân bringe. Kyra is de skiednis fan it ferlies fan in leafde tsjin de kleurrike achtergrûn fan sawol ienriedigings en ferbûnwêzen as eangst en skeel.

De tekst en tekeningen binne beide fan de hân fan skriuwster Elske Schotanus.

49,50
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Pionier foar it Frysk

Libben en striid fan Tony Feitsma (1928-2009)

2022 || Hardcover || Liuwe H. Westra || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Tony Feitsma (1928-2009) kaam yn Brantgum te wrâld en waard grut op in pleats yn de Wieringermar. Fan hûs út krige hja ambysje en pioniersgeast mei, mar ek in hechte bân mei de taal fan it heitelân. Sy waard yn 1976 de earste froulike heechlearaar Frysk. Foar har foelen wittenskip en Fryske beweging gear mei it ynnimmen fan har plak as minske yn ‘e mienskip.

Wa wie Tony Feitsma en hoe hat se har útsprutsen mienings en wittenskiplike kwaliteiten yn in manljuswrâld befochten? It hat yn...

13,99
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Pinkeltsje yn Fryslân

2023 || Hardcover || Sander Meijer e.a. || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Pinkeltsje is krekt de daksgoate oan it skjinmeitsjen as de Pinkelakei ynienen lânskomt om him op te heljen. Kening Pinkelpracht hat Pinkeltsje syn help nedich, want de kroanprins is spoarleas ferdwûn. En wa kinst der dan better op útstjoere om him te sykjen as de alderbêste speurnoas fan Pinkeltsjelân?

It iennige dat de kening him fertelle kin, is dat de prins foardat er ferdwûn in âld boek oer in bysûndere Fryske mantelspjelde oan it bestudearjen wie. Pinkeltsje hoecht net lang nei ...

14,99
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

De lytse gruffalo

Hardcover || Julia Donaldson || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Op in nacht, de gruffalo snoarke l

5,00
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Spletsj! Lytse Ko

lytse ko

Hardcover || Jo Lodge || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Sjoch hoe't lytse ko mei de sturt swaait en dan... SPLETSJ!

Wat bart der ast oan de flapkes lûkst? In moai boartersboekje foar pjutten.

15,99
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Klút & Mients ûntdekke eb en floed

2023 || Hardcover || Laura Steigenga e.a. || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Klút en Mients binne by de Waadzee. ‘Mar wat is dat no? Al it wetter is fuort!’ De freonen geane op syk nei de see. Se freegje in krabbe, leppelbekken en allegear oare bisten om har te helpen. Mar oft dy dêr tiid foar hawwe…

Mei dit edukative printeboek komme bern op in boartlike wize yn ‘e kunde mei eb en vloed en de bisten fan de Waadsee.