Zoekfilters
Resultaten (11)
morgen verzonden
Wêr is Keimpe?
2021 || Hardcover || Lisa Boersma e.a. || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
In prachtich sjoch-, lear- en fertelboek fan Keimpe de Krokodil.
in hiel soad wurden om 20 ferskillende tema’s hinne
trije talen: Frysk, Nederlânsk en Ingelsk
Keimpe dy’t him op alle platen ferstoppe hat, kinsto ‘m fine?
de útspraak fan de wurden yn trije talen online fia de QR-koade of de webside www.keimpe.frl
morgen verzonden
Stip yn 'e trein
Hardcover || Eric Hill || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Tsjoeke, tsjoeke, tsjoek! Allegear ynstappe! Dan geane we op reis mei Stip en syn beppe. Druk op de button, dan hearst de trein!
In nij Stip – kartonboek mei it lûd fan in echte stoomtrein!
morgen verzonden
Hero
2021 || Hardcover || Martha Attema || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Yn de lêste winter fan de Twadde Wrâldoarloch moat Izaak syn ûnderdûkplak yn Amsterdam ferlitte, omdat it dêr te gefaarlik wurdt. Hy reizget achter op de fyts by koerierster Els nei syn nije skûlplak, in buorkerij yn it noarden fan Fryslân. En ek al binne de minsken dêr leaf foar him, hy fielt him iensum en ellindich. Pas at er freonskip slút mei it prachtige swarte hynder Hero, feroaret dat. De Dútsers wolle dy sterke Fryske hynst ek graach hawwe, en as de soldaten komme om it hynd...
morgen verzonden
Bisten op 'e pleats
baby fielboekje
2021 || Hardcover || Dawn Sirett || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Fan pluzige pykjes oant wollige skiep, der is foar babys in soad te ûntdekken, fielen en learen mei dit stevige kartonboekje.
morgen verzonden
Tomke hat syn jierdei
Hardcover || Riemkje Pitstra || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
morgen verzonden
By beppe útfanhûs
Hardcover || Mirjam van Houten || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat mear Maaike har mem mist. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe…
In prachtich printeboek, geskikt foar bern fan 4 jier en âlder.
Mirjam van Houten (1977) debutearre yn 2016 mei Tije, in boek foar bern fan sân jier ôf. Dat boek waard yn 2018 foardroegen foar de IBBY Honour List, in twajierlikse ynternasjonale list mei berne- en jeugdboeken fan hege kwaliteit.
morgen verzonden
a is fan aapke - a is van aapje
Hardcover || Eppie Dam || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
It biste-alfabet, skreaun troch Eppie Dam en yllustrearre troch dochter Ankemarije. De teksten op rym binne twatalich: Frysk – Nederlânsk. It boekje is omkearber.
A is in letter, al krekt sa’n wûnder as de Z, it sjongt en it gûnzet, sist en snettert fan bisten yn it alfabet.
A is een letter, ver weg van de Z, dichtbij zijn de dieren van het alfabet.
0-4 jier
morgen verzonden
Stikelbarchje prikkeprik
2021 || Hardcover || Baukje Wytsma || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Giesto nei dyn holtsje
Moai lyts stikelboltsje
Kom stikelbarchje prik prik prik
Sille wy boartsje do en ik?
In waarm boekje mei ritme en rym om de alderlytsten genietsje te litten fan taal en natuer.
morgen verzonden
It Bijeboek
2021 || Hardcover || Charlotte Milner || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Wêrom al dy drokte oer bijen? Wat dogge se de hiele dei? Wêrom binne bijen belangryk? Untdek mei dit boek wêrom’t bijen ús help nedich hawwe en watsto dwaan kinst.
morgen verzonden
Ik bliuw by dy
2021 || Hardcover || Smriti Halls || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Wêr’tsto ek hinne giest, ik bin derby. Watsto ek dochst, ik bliuw by dy.
It is hiel fijn om goeie freonen te hawwen om alles mei te dielen. Mar soms, hiel soms, kin it wolris wat… euh… te bot wêze.
In bearegoed, -grappich en -leaf boek oer alles wat freonskip betsjutte kin, foar alle freonen op ‘e wrâld.