Resultaten (24)

17,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Wurk

Paperback || Elske Schotanus || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

Haadpersoan yn Wurk is Jasper. Hy hat in goeie baan en dat soarget derfoar dat syn libben mear as komfortabel ferrint. Oant de dei dat hy, omreden fan in arbeidskonflikt, dien krijt. It slagget Jasper ynearsten wol om de kop boppe wetter te hâlden, mar hy bedarret stadichoan toch mear yn de marzje fan it bestean. In oare baan fine falt net ta foar in man dy't tsjin 'e sechstich rint. HIeltyd mear stekt Jasper tiid en enerzjy yn wat earder net mear as in hobby wie: it skilderjen en tekenjen....

17,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De koma-korrektor

Paperback || Baukje Zijlstra || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dêr tidens de aksje in befel wegere. Wylst Siemen - fertize yn hallusinaasjes - yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering.

Wilens is der by de krante in reorganisaasje geande dy't Betty twingt sels ek in kar te meitsjen. Mar ...

10,00
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Poetry route Leeuwarden

2018 || Paperback || Ernst Bruinsma e.a. || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

In Leeuwarden kun je over poëzie lopen die is aangebracht op grote platen Belgisch hardsteen. / In Leeuwarden you can walk over poems that have been carved into large slabs of Belgian bluestone.De gedichten vormen samen de poëzieroute die door de stad loopt. De route is in 1993 begonnen met een serie gedichten aangeboden aan mr G.J. te Loo ter gelegenheid van zijn afscheid als burgemeester van Leeuwarden. In de jaren daarna zijn vele poëziestenen aan de route toegevoegd. De gedichten op de...

22,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Fryslân, lân fan talen / Druk 2

in skiednis

2016 || Paperback || Reitze J. Jonkman e.a. || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

Reitze J. Jonkman & Arjen P. Versloot

Fryslân lân fan talen fertelt oer de skiednis fan it Frysk: wêr't it weikomt, hoe âld at it is, dat it yn de rin fan de iuwen aardich wat feroare is en noch feroaret, hoe't it plak yn de maatskippij net altyd itselde wie en wat syn posysje yn de lêste iuw wurden is. It ferhaal fan dy taal stiet net op himsels, want fan it begjin fan ús jiertelling ôf hat it yn kontakt stien mei oare talen lykas it Latyn, it Frankysk, it Middelnederlânsk, it Stedsk,...

7,50
Levertijd: 5 werkdagen
+
Bestel

Tiidwurden / Druk 12

2018 || Paperback || Dick Eisma e.a. || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

7,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Hoi, Stip!

2016 || Paperback || Eric Hill || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

Dit lytse boekje kin oan de buggy hingje en ûnderweis foar in protte wille soargje.

12,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Tomkes foarlêsfeest

2016 || Paperback || Riemkje Pitstra e.a. || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

24 ferhalen op tema

In prachtich foarlêsboek mei aventoeren fan Tomke en syn freonen. De ferhalen binne yndield op tema's dy't ticht by de belibbingswrâld fan bern steane. In protte lêswille!

Frysk, ynbûn, 58 siden

15,00
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Famke fan snie

Paperback || Paul van Dijk || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

Famke fan snie is in boartlike, byldrike bondel fol dreamen en fantasy. De fersen foarmje in lange, skrinende reis yn in sykjen nei soen mei it ferlies fan in famke. Mei de ynbylding fan in bern besiket de ïk"rjochting te sykjen yn dream en taal, yn stêd en bosk, op syk nei it ferlerne, om te oerlibjen.

Paul van Dijk (1981)is in alsidige geast. Hy is skriuwer fan berneboeken, kollums en teaterstikken en is aktyf as muzikant en as tekener. Troch syn dochter waard er dichter. Dizze bondel is ...

17,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De aap foar de bokkewein

wat noch te rymjen yn 2016

2017 || Paperback || Eppie Dam || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

It jier hat bylden boud en wiske;

wij stoarje troch it keamersrút -

it krúspunt smeult, der twirret jiske,

in pylk set noch de himel út.

As it fehikel fan de foarútgong in bokkewein is, dan hiene we der leafst in wize sik foar hân. Mei fêst in idee om ergens hinne. Mar 2016 wie it jier fan de aap, net allinnich fan de Sinezen. Dichter Eppie Dam folge tsien moannen lang de tiid op 'e foet. De oanslaggen, it klimaat, de swalkjende polityk, ferlies oan gearhing en de iensumens fan God: it ...

15,00
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Aurora bossa nova

Paperback || Arjan Hut || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

Abdelkader Benali spriek yn de Martinitsjerke oer de poezy fan Brodsky en fan Tsjêbbe Hettinga en hy kaam ta de folgjende konklúzje: "Gedichten brengen een beetje licht. Meer hoeft poezie niet te doen."

Yn de gedichten yn Aurora Bossa Nova wurdt net sasear socht om it ljocht, mar dochs wurdt it hjir en dêr fûn. Mar is it ljocht of is it skyn?

De lêzer wurdt in weach dy't yn tûzen drippen te lider spat en in voyeur dy't in widdo en har hûn besjocht fan achter in gerdyn of in bern dat w...