Wurk

Voorzijde
17,50
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel
ISBN: 9789492176745
Uitgever: Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk
Verschijningsvorm: Paperback
Auteur: Elske Schotanus
Druk: 1
Pagina's: 208
NUR: Literaire roman, novelle

Haadpersoan yn Wurk is Jasper. Hy hat in goeie baan en dat soarget derfoar dat syn libben mear as komfortabel ferrint. Oant de dei dat hy, omreden fan in arbeidskonflikt, dien krijt. It slagget Jasper ynearsten wol om de kop boppe wetter te hâlden, mar hy bedarret stadichoan toch mear yn de marzje fan it bestean. In oare baan fine falt net ta foar in man dy't tsjin 'e sechstich rint. HIeltyd mear stekt Jasper tiid en enerzjy yn wat earder net mear as in hobby wie: it skilderjen en tekenjen. Ferstjinje docht hy der net folle mei, mar hy wit al de oandacht fan in ynfloedryke galeryhâlder te lûken. Hat hy, sa't er sels mient, yn de keunst in bestimming fûn?

Oer har foarige roman In kop as in almenak:

"Nea wurdt it ferhaal, dat yn in prachtige literêre styl skreaun is, sentiminteel en saken wurde ek net moaier foarsteld as se binne." - (Doeke Sijens, LC)

"In prachtich en meislepend boek." - (Tryntsje van der Steege, ensafh.)

"Wêrs fan falske romantyk of nostalgy toant de roman maatskiplike feroaringen, springend troch de tiid, wêrby't de notiid hieltyd sterker yn 'e kikert komt." - (Shortlist Gysbert Japickxpriis 2015)