Zoekfilters

Verschijningsjaar
2022 (7)
2017 (6)
2023 (6)
» Toon alle opties (5)

Resultaten (48)

22,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Op klompen troch de dessa

Indiëgongers fertelle

Paperback || Hylke Speerstra || Uitgeverij Bornmeer

19,90
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De fjildferhalen

2022 || Paperback || Rink van der Velde || Uitgeverij Bornmeer

Rink van der Velde fielde him nearne sa goed thús as yn fjild en bosk. As jonge strúnde er om yn ’e bosken fan Beetstersweach en learde er de natuer troch skerp observearjen fan tichtby kennen. Fiskje en jeie wie syn lust en syn libben.

En harkje nei de ferhalen fan manlju dy’t de tiid noch meimakke hiene, dat minsken libje moasten fan fiskerij, mollefangen en de jacht op murden.

De fjildferhalen fan Rink van der Velde binne prachtich skreaun en steane fol mei sekuere observaasjes fan i...

17,90
Leverbaar vanaf 17 mei
+
Bestel

Monuminteman

2024 || Paperback || Bouke Oldenhof || Uitgeverij Bornmeer

As Fryslân fan de iene dei op de oare selsstannich wurdt, krijt de haadpersoan fan dit boek in wichtige taak. Hy wurdt de monuminteman.

Hy moat foar it regear in plan meitsje foar stânbylden fan Fryske helden en sa in passende skiednis betinke foar it nije lân.

Mar wa is it wurdich om in byld fan te meitsjen? En wêrom?

Monuminteman is it romandebút fan toanielskriuwer Bouke Oldenhof. It is in humoristyske fantasij, in spannend en in oangripend ferhaal oer identiteit en fergonklikheid yn...

19,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Friezinne om utens

2023 || Paperback || Pia van Rees || Het Nieuwe Kanaal

Friezinne om utens is de twadde ferhalebondel fan de nei Kanada emigrearre Pia van Rees. Skreau se yn har earste boek oer de sykte en it ferstjerren fan har mem yn Fryslân, diskear falt it ljocht op it deistich libben fan har húshâlding yn Kanada en de ferskillen mei Nederlân.

Yn deselde noftere mar trefsekere styl fan har debút komt no ek de fraach oan ’e oarder: bliuwe, of dochs leaver werom nei it heitelân en dêr in nij bestean opbouwe?

‘Pia van Rees skriuwt rjocht foar syn raa...

15,00
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

It Guozzeroer

Paperback || Rink van der Velde || Uitgeverij Bornmeer || met inkijkexemplaar

Bavius Bouma, in âld frijfeint yn Akkrum, fertelt oan syn besiker, in sjoernalist en hertstochtlik fisker, wat er yn de oarloch meimakke hat. Oanlieding ta syn relaas is de fynst fan in Dútske motorfyts mei sydspan yn it wetter yn de Heafeart nei De Deelen. Mei in pear maten hat Bavius yn de lêste oarlochsjierren yn dat ûnlân ûnderdûkt sitten. Krekt foar de befrijing hat him dêr in singelier drama ôfspile, dat noait bekend wurden is. It guozzeroer, in antyk stik sjitark mei de útwur...

17,90
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Hege loften

Ferhalen

2023 || Paperback || Catharina Lautenbach || Uitgeverij Bornmeer

De ferhalen yn Hege loften binne ôfwikseljend tragikomysk, realistysk of surrealistysk. De beskreaune wrâld is betroud en eigen, mar de haadpersoanen bedarje yn ûnbekend gebiet. Oertsjûgingen ferlieze har macht, hâldfêst falt fuort en in nije werklikheid wurdt ûntdutsen. Lykas yn har debút Fûgels yn ús skriuwt Catharina Lautenbach ferhalen mei faasje, gefoel en ûnderkuolle humor.

‘Konsintraasje yn taal en it skeppen fan in allessizzende sfear is it meast eigene oan har ferhalen. ...

19,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De lêste floed

Paperback || Durk van der Ploeg || Het Nieuwe Kanaal

Yn 1969 wurdt de Lauwerssee ôfsletten fan it Waad. Dit hat foar de húshâlding fan Tsjerk Vogel, dy't dêr al jierren buorket en ploeteret mei it winnen fan lân, dramatyske gefolgen.Heit wol dat Tunnes, de âldste soan, de buorkerij oernimt. Dy sjocht der gjin heil yn as de seeynham ôfsletten driget te wurden; wat lânwinning ûnmooglik makket. Hy kriget slim rûzje mei syn heit, en giet mei de Willem Barendsz nei de Súdlike IIssee foar de walfisk-fangst. Dêr ferdwynt Tunnes op mysterie...

17,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De wraak fan de puzelman

In Frysk doarp yn 'e ban fan brân

Paperback || Hedzer T. Hooijenga || Het Nieuwe Kanaal

In Frysk doarp yn'e ban fan brân

De puzelman hie in fleurich bedriuw opboud, in goede bargemesterij. Dat siet lykwols in rike sakeman yn 'e wei, fanwegen de stank dêr't syn frou oer eamele.

Mei falske arguminten wrotte er krekt salang dat it bedriuw fan syn buorman fallyt gong. Net ien fan de doarpsgenoaten dy't in hân útstiek om de eigener by te stean. Dat rôp, nee skreaude om wraak!

Hedzer T. Hooijenga waard berne op 'e Harste ûnder Sumar. Yn 'e jierren santich begûn er mei it publi...

17,90
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Covidwiksel

2022 || Paperback || Sietse de Vries || Uitgeverij Bornmeer

Covid kin in oar minske fan ien meitsje. It oerkomt Jan de Vries (06-06-1952, Dinnestrjitte 53b, Ljouwert) as er op deselde dei yn Medysk Sintrum Ljouwert opnommen wurdt as Jan de Vries (06-06-1952, Ingelskestrjitte 28, Ljouwert). Fiif wike letter, as de dokters him better ferklearje en mei in taksy nei hûs stjoere, stapt er in oar libben yn.

Men hearde wolris oer lytse poppen dy’t op de kreamôfdieling fan in sikehûs ferwiksele waarden en mei de ferkearde heit en mem nei hûs stjoerd waa...

22,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Littenser Merke (Heruitgave)

Paperback || Ale S. van Zandbergen || Het Nieuwe Kanaal

Yn de Fryske greidhoeke longeret Eeuwkje, in jonge dûmnysfrou, nei in bern. Wêrom is har man, dûmny Laurman, net by steat om har djipste winsk te ferfoljen? Hy hat de hannen mear as fol oan strideraasjes op tsjerklik mêd, mar dat kin dochs net de iennichste reden wêze? Alles stiet yn bloei, ek Eeuwkje, mar it duorret ferskuorrend lang foar de ferlossing komt.

Mear as in ieu letter libbet it slachterssoantsje Liuwe Bosgra yn itselde doarp, mar wol yn in hiele oare tiid. Superyntelligint e...