Zoekfilters

Verschijningsjaar
2022 (7)
2017 (6)
2023 (6)
» Toon alle opties (5)

Resultaten (48)

17,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Mem falt út

Paperback || Pia van Rees || Het Nieuwe Kanaal

In mem dy’t wrakselet mei alzheimer, in dochter dy’t seistûzen kilometer fierderop wennet, beide fjochtsjend tsjin it ûnûntkombere, dat komme sil.

In yn ’t moed taastend ferhaal oer mem en dochter dy’t nettsjinsteande de ferslimjende deminsje fan mem harren bân bewarje. Fertriet en blydskip wikselje inoar ôf yn dit oangripende debút fan Pia van Rees, Friezinne om utens, libjend mei man en twa bern yn Kanada.

“Skreaun yn tagonklike, deistige taal en mei each foar moaie, follesi...

16,90
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Beafeart nei Saint-Martin (Heruitgave)

Paperback || Rink van der Velde || Uitgeverij Bornmeer

In Fryske sjoernalist ûndernimt in beafeart nei Saint-Martin. Yn de oarlochsjierren hat er, as finzene fan de Dútskers, yn it konsintraasjekamp fan Troyes sitten. Mei help fan de Maquis, de Frânske ûndergrûnske, koe er flechtsje. Heal as ûnderdûker, heal as partisaan hat er de lêste moannen foar de befrijing tahâlden op it lytse boerespultsje Ferme la Vacherie op it Frânske plattelân.

Dêr hat er kunde krigen oan Krysta, de jongfaam dêr’t er mear fan hâlden hat as fan de Fryske...

22,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Famke famke

Paperback || Ale S. van Zandbergen || Het Nieuwe Kanaal

Aam is in famke fan santjin dat net efter de keppel oan hobbelet; se lêst Couperus - yn 2012 - en tinkt nei oer wat se lêzen hat, dreamt har in bettere wrâld. Se wennet mei har heit op 'e Pôle, tegearre allinnich 'in the middle of nowhere'. By Haije Alkema, har learaar Nederlânsk, hat Aam in fin mear as in bears.

Haije hat yn trije desennia net sa'n treflike learling hân. Oant koartlyn hat er har mentor west, mar har begeliede dat slagget langer net as it lesjaan him jimmer swierder fa...

22,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Rêdbâd (Heruitgave)

Kening fan ’e Friezen

Paperback || Willem Schoorstra || Het Nieuwe Kanaal

“Nea en te ninter hat de skiednis in kening lykas Rêdbâd kend, en syn namme is grut ûnder de himel. Doch wie it in minske lykas alle oaren. En ik, Hadagrim, soan fan Egisgar - mar ek Raven, namme fan Rêdbâd my jûn - sil it libben fan Rêdbâd Kening boekstaverje, alle pryslike en dappere dieden; mar ek de setten dêr’t ik it nea mei lykfine kinnen haw. Sa’t it west hat, sil it beskreaun wurde, ek myn eigen part yn de histoarje fan ús lân. En dat part is, lykas Rêdbâd sines, ne...

19,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De albasten nimf

2023 || Paperback || Ale S. Van Zandbergen || Het Nieuwe Kanaal

It houlik fan Antonius Hendrikus van Wely hâldt net oer. Fangefolgen ûntflechtet er syn Antsje gauris, wat sei, hy ûntflechtet himsels, op syn deistige kuier s moarns ier as er passanten in rol jout yn syn imazjinêr belibjen fan de werklikheid. Hy tinkt himsels by minsken yn ’e hûs, by moaie froulju, sterke froulju… hy tinkt him de bedriging yn fan de jonges fan de stegen, sechstjinjierrigen dy’t op fernielerij út binne, op it skoppen fan âlde minsken… en ja, dan libbet it swie...

16,90
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De rebel

yn ’t Frysk

2022 || Paperback || Joseph Roth || Uitgeverij Noordboek

Andreas Pum hat oan de ein fan de oarloch net folle oer. Hy hat noch ien skonk, in fergunning foar in draaioargel en in medalje op it boarst. Mar hy hat ek syn leauwe: yn minsken, yn alles dat boppe him stiet, yn it regear, yn God. Lykwols sil er dat geandewei allegear noch kwytreitsje, sadat er úteinlik net iens mear nei de himel ta wol.

Joseph Roth (1894-1939) skreau omtrint hûndert jier lyn dizze ynkringende roman oer in inerlike en uterlike omkear. Ek mei dit wurk lit Roth sjen dat er ...

22,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Der dy namma fan heten is

It komôf fan plaknammen

2022 || Paperback || Pieter Duijff || Uitgeverij Bornmeer

Yn Fryslân tilt it op fan doarpen, en der binne ek noch alve stêden. Efter de namme fan elk fan dy delsettingen sit in ferhaal. Wêrom hawwe de minsken harren wenplak neamd sa’t it hyt? Hoe kamen de minsken op de plaknamme ‘Wyldinghen’ en wat is de doarpsnamme no? In hiel soad plaknammen binne foar it earst oerlevere yn it twadde part fan de midsiuwen, mar der is net by skreaun wat de eftergrûn fan dy nammen is. Mei kennis fan it Frysk en oare talen kin fan gâns fan dy nammen dochs ...

15,00
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Nachtskriuwer

2022 || Paperback || Jannie Regnerus || Uitgeverij Bornmeer

Hannah is restaurateur yn it Ryksmuseum. By tafal komt se yn oanrekking mei it wurk fan in blyn wurden Fryske dichter. Lykas Blynman is se grutwurden op it lân en by de bisten en yn syn poëzij fynt se har eigen bernetiid werom.

As restaurateur fielt se har sterk besibbe mei syn manier fan wurkjen. Dêr’t sy lagen troebel fernis fan skilderijen ôfhellet om de details en kleuren dêrûnder wer foar it ljocht te heljen, graaft Blynman troch desennia fan tsjusternis hinne, werom nei de byld...

27,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Samle Fersen en Oersettingen fan Klaas Bruinsma

2018 || Paperback || Klaas Bruinsma || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

Samle Fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma is in bondel gedichten en sangen, byinoar garre troch Bruinsma sels. It grutste part fan de gedichten binne gelegenheitsgedichten fan syn eigen hân, benammen gedichten oer tsjerken. Dêrneist binne der bekende en mear ûnbekende gedichten fan oare auteurs, mei oersettings fan Bruinsma yn ferskate talen, en gedichten út oare talen, oerset yn it Frysk. Treflik binne ek de oersettings fan Aldfryske sangen.

Klaas Bruinsma is ferneamd om syn oersett...

21,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Pûlen-yn-de-pot

2018 || Paperback || Sjieuwe Borger || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

Sybren joech him oer oan it feest fan it yrrasjonele sûnder ien remming te fielen. Meidwaan ûnderstelde frijwilligens, dêr wie lykwols gjin sprake fan, mar dat joech no neat. Hy gong op yn it momint en liet him meitôgje troch it fjoer fan de ûnberonge groepsdrift. De ober hie besocht harren del te bêdzjen. Doe't Richie in klap fan him krige waarden de soasjeteitsleden sels lilk en soene sy de ober te nei. De praeses fan de Kroechkommisje wie der lokkigernôch foar sprongen. Sybren liet...