Zoekfilters
Resultaten (27)
morgen verzonden
Covidwiksel
2022 || Paperback || Sietse de Vries || Uitgeverij Bornmeer
Covid kin in oar minske fan ien meitsje. It oerkomt Jan de Vries (06-06-1952, Dinnestrjitte 53b, Ljouwert) as er op deselde dei yn Medysk Sintrum Ljouwert opnommen wurdt as Jan de Vries (06-06-1952, Ingelskestrjitte 28, Ljouwert). Fiif wike letter, as de dokters him better ferklearje en mei in taksy nei hûs stjoere, stapt er in oar libben yn.
Men hearde wolris oer lytse poppen dy’t op de kreamôfdieling fan in sikehûs ferwiksele waarden en mei de ferkearde heit en mem nei hûs stjoerd waa...
morgen verzonden
Wat Soesto!
Paperback || Freark Smink || Uitgeverij Bornmeer || met inkijkexemplaar
Freark Smink set mei Wat soesto! de kroan op syn
ymposante toanielkarriêre. Yn dit boek fine jo de
Fryske teatertekst en de oersetting yn it Nederlânsk.
Boppedat skreau Geert Mak in wiidweidich essay
oer Smink en kuieret hy oan de hân fan dit ferhaal
troch de ûntwikkelingen yn de lânbou en yn Fryslân.
Bouke Oldenhof skriuwt oer toanielskriuwen en it
ûntstean fan dit stik. It boek jout derneist in oersicht
fan it toanielwurk fan Freark Smink, yllustrearre mei
prachtige foto’s út de Ã...
morgen verzonden
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen
Paperback || Freddie Scheltema || Uitgeverij Bornmeer || met inkijkexemplaar
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen is in samling gedichten en koarte ferhalen. It is proaza en poëzy oer it deistige libben, mar mei in flinke knypeach. Fleurige ferhalen en oertinkingen, fan ‘De hûnen fan Barry Hay’ oant ‘De Hooliganbus’ en de absurdistyske gedichten ‘By de kofje-automaat’. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer.
Freddie Scheltema (Easterein, 1960) skriuwt yn it Nederlânsk, mar foaral yn it Frysk. Yn syn tiid op de middelbere sk...
morgen verzonden
Winterwetter
2024 || Paperback || Lex Paleaux || Uitgeverij Bornmeer
Oan de ein fan de tweintichste iuw groeit Lex op yn in doarp yn de Trynwâlden. In sêfte, kreative jonge yn in kristlik gesin mei in Frânske heit en in Fryske mem. In iepen jonge, dy’t knoeid wurdt yn syn gefoelichheid en syn aaklike geheimen net diele kin.
Winterwetter is in fiktive roman, basearre op wiere feiten. In ferhaal oer in jonge dy’t wrakselet mei wa’t hy wêze mei en wol. Mar ek in kultuerskiednis mei in pake dy’t elk bern wol ha wol.
‘Sa foarsichtich mooglik loek ik d...
morgen verzonden
Sis my wa't ik bin
2023 || Paperback || Hanneke de Jong || Uitgeverij Bornmeer
It is 1956, nei de simmerfakânsje. Loek sit yn de twadde klasse fan de ULO. In nije learaar lêst alle nammen fan de learlingen op, behalve Loek sines. Hy lêst ek in namme op dy’t gjinien wat seit. Mar wa’t dat is, wit er net. De learaar tinkt dat Loek him foar de gek hâldt en sleept him mei nei de direkteur. Dy stjoert Loek nei hûs mei it boadskip dat it tiid wurdt dat syn heit en mem alles fertelle.
Noch hieltyd hat er gjin idee. Syn mem jout him in deiboekje dat se byholden hat. It...
morgen verzonden
Salang’t de beam bloeit
koarte skiednis fan de Fryske literatuer
Paperback || Joke Corporaal || Uitgeverij Bornmeer
De Fryske literatuer is útdrukking fan de eigenheid fan Fryslân. Troch de iuwen hinne hawwe Fryske skriuwers en dichters yn har eigen taal skreaun: oer harsels, oer har taal en oer har lân. De Fryske literatuer herberget in protte ûnferwachte skatten dy't de muoite fan it ûntdekken wurdich binne. Salang't de beam bloeit is dêr in moaie opstap foar. Yn sân haadstikken behannelet literatuerwittenskipper Joke Corporaal de wichtichste ûntjouwingen en skaaimerken fan de Fryske literatuer. ...
morgen verzonden
In ekstremist út Westergeast
Jan Bartele Vries, syn libbensgong, syn tinkwrâld
2023 || Paperback || Oebele Vries || Uitgeverij Bornmeer
In Westergeastmer dy’t fûl nasjonaal-sosjalist wurdt. En allike fûl Frysk nasjonalist. Dy’t alhiel yn de ban is fan it Oera Linda Boek. En ek fan hinnen. En boppedat, wol it meast bjusterbaarlik, fan wite wiven. Wat foar man wie
dat wol?
Yn dizze biografy jout Oebele Vries in byld fan Jan Bartele Vries út Westergeast en fan de ûntjouwing fan syn tinken. It is de beskriuwing fan in tige fleurich en tagelyk djip tragysk man.
Oebele Vries is histoarikus. Hy is yn ’e fierte famylje fan ...