Zoekfilters

Verschijningsjaar
2022 (5)
2023 (5)
2021 (4)
» Toon alle opties (3)
2018 (3)
2020 (2)
2024 (2)

Resultaten (27)

16,90
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Beafeart nei Saint-Martin (Heruitgave)

Paperback || Rink van der Velde || Uitgeverij Bornmeer

In Fryske sjoernalist ûndernimt in beafeart nei Saint-Martin. Yn de oarlochsjierren hat er, as finzene fan de Dútskers, yn it konsintraasjekamp fan Troyes sitten. Mei help fan de Maquis, de Frânske ûndergrûnske, koe er flechtsje. Heal as ûnderdûker, heal as partisaan hat er de lêste moannen foar de befrijing tahâlden op it lytse boerespultsje Ferme la Vacherie op it Frânske plattelân.

Dêr hat er kunde krigen oan Krysta, de jongfaam dêr’t er mear fan hâlden hat as fan de Fryske...

22,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Der dy namma fan heten is

It komôf fan plaknammen

2022 || Paperback || Pieter Duijff || Uitgeverij Bornmeer

Yn Fryslân tilt it op fan doarpen, en der binne ek noch alve stêden. Efter de namme fan elk fan dy delsettingen sit in ferhaal. Wêrom hawwe de minsken harren wenplak neamd sa’t it hyt? Hoe kamen de minsken op de plaknamme ‘Wyldinghen’ en wat is de doarpsnamme no? In hiel soad plaknammen binne foar it earst oerlevere yn it twadde part fan de midsiuwen, mar der is net by skreaun wat de eftergrûn fan dy nammen is. Mei kennis fan it Frysk en oare talen kin fan gâns fan dy nammen dochs ...

15,00
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Nachtskriuwer

2022 || Paperback || Jannie Regnerus || Uitgeverij Bornmeer

Hannah is restaurateur yn it Ryksmuseum. By tafal komt se yn oanrekking mei it wurk fan in blyn wurden Fryske dichter. Lykas Blynman is se grutwurden op it lân en by de bisten en yn syn poëzij fynt se har eigen bernetiid werom.

As restaurateur fielt se har sterk besibbe mei syn manier fan wurkjen. Dêr’t sy lagen troebel fernis fan skilderijen ôfhellet om de details en kleuren dêrûnder wer foar it ljocht te heljen, graaft Blynman troch desennia fan tsjusternis hinne, werom nei de byld...

27,90
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De keunst as útwei

Biografy fan Simke Kloosterman (1876-1938)

2023 || Paperback || Philippus Breuker || Uitgeverij Bornmeer

Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy’t ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen.

Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy ke...

22,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Op klompen troch de dessa

Indiëgongers fertelle

Paperback || Hylke Speerstra || Uitgeverij Bornmeer

16,90
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Harry Potter en de stien fan de wizen

Paperback || J.K. Rowling || Uitgeverij Bornmeer

As der in brief brocht wurdt foar de ûngelokkige Harry Potter, komt er achter in tsien jier âld geheim. Syn âlden wienen tsjoenders en waarden fermoarde troch de flok fan in Tsjustere Hear. Harry wie doe noch in poppe, mar hat it op ien of oare manier oerlibbe. Hy ferlit de freeslike Migels dy't him grutbrocht hawwe, en giet nei Swiniastate, in tsjoendersskoalle mei spoeken en betsjoenings. Harry rekket fersyld yn in tsjuster aventoer as er in trijekoppige hûn fynt, dy't de tredde ferdjip...

19,90
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De fjildferhalen

2022 || Paperback || Rink van der Velde || Uitgeverij Bornmeer

Rink van der Velde fielde him nearne sa goed thús as yn fjild en bosk. As jonge strúnde er om yn ’e bosken fan Beetstersweach en learde er de natuer troch skerp observearjen fan tichtby kennen. Fiskje en jeie wie syn lust en syn libben.

En harkje nei de ferhalen fan manlju dy’t de tiid noch meimakke hiene, dat minsken libje moasten fan fiskerij, mollefangen en de jacht op murden.

De fjildferhalen fan Rink van der Velde binne prachtich skreaun en steane fol mei sekuere observaasjes fan i...

17,90
Leverbaar vanaf 17 mei
+
Bestel

Monuminteman

2024 || Paperback || Bouke Oldenhof || Uitgeverij Bornmeer

As Fryslân fan de iene dei op de oare selsstannich wurdt, krijt de haadpersoan fan dit boek in wichtige taak. Hy wurdt de monuminteman.

Hy moat foar it regear in plan meitsje foar stânbylden fan Fryske helden en sa in passende skiednis betinke foar it nije lân.

Mar wa is it wurdich om in byld fan te meitsjen? En wêrom?

Monuminteman is it romandebút fan toanielskriuwer Bouke Oldenhof. It is in humoristyske fantasij, in spannend en in oangripend ferhaal oer identiteit en fergonklikheid yn...

15,00
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

It Guozzeroer

Paperback || Rink van der Velde || Uitgeverij Bornmeer || met inkijkexemplaar

Bavius Bouma, in âld frijfeint yn Akkrum, fertelt oan syn besiker, in sjoernalist en hertstochtlik fisker, wat er yn de oarloch meimakke hat. Oanlieding ta syn relaas is de fynst fan in Dútske motorfyts mei sydspan yn it wetter yn de Heafeart nei De Deelen. Mei in pear maten hat Bavius yn de lêste oarlochsjierren yn dat ûnlân ûnderdûkt sitten. Krekt foar de befrijing hat him dêr in singelier drama ôfspile, dat noait bekend wurden is. It guozzeroer, in antyk stik sjitark mei de útwur...

17,90
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Hege loften

Ferhalen

2023 || Paperback || Catharina Lautenbach || Uitgeverij Bornmeer

De ferhalen yn Hege loften binne ôfwikseljend tragikomysk, realistysk of surrealistysk. De beskreaune wrâld is betroud en eigen, mar de haadpersoanen bedarje yn ûnbekend gebiet. Oertsjûgingen ferlieze har macht, hâldfêst falt fuort en in nije werklikheid wurdt ûntdutsen. Lykas yn har debút Fûgels yn ús skriuwt Catharina Lautenbach ferhalen mei faasje, gefoel en ûnderkuolle humor.

‘Konsintraasje yn taal en it skeppen fan in allessizzende sfear is it meast eigene oan har ferhalen. ...