Zoekfilters

Verschijningsjaar
2023 (25)
2020 (20)
2021 (17)
» Toon alle opties (9)
Verschijningsvorm
Hardcover (74)
Paperback (70)
Taal
Nederlands (18)

Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K (145)

14,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Abe en de Aardichman

2022 || Hardcover || Tialda Hoogeveen || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?

In sfearfol ferhaal oer in jonkje dat syn eangst oerwint mei prachtige yllustraasjes. Foar bern...

15,00
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Jelle en juf

2022 || Hardcover || Mirjam van Houten || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Jelle is gewoan in leaf, tûk, sterk en grappich jonkje. Mei in hiel soad fantasy. Dat wol. Jelle syn luie each is soms sa lui dat it thús op de bank lizzen bliuwt te tillefyzjesjen. Jelle komt te let omdat er ûnderweis nei skoalle rúzje hat mei in babydino. Jelle hat altyd aparte fratsen. Juf hat it der mar drok mei …

Fiifentweintich humoristyske foarlêsferhaaltsjes mei prachtige yllustraasjes oer it fantasyrike jonkje Jelle en syn juf dy’t soms strang, mar ek hiel leaf is. Foar bern...

17,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

In tel de ierde stil

2023 || Paperback || Arjan Hut || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Ien tel de ierde stil is de nijste dichtbondel fan Arjan Hut en skreaun yn de tiid dat hy wâlddichter wie fan de gemeente Achtkarspelen. In perioade fan lockdowns, mûlkapkes en jûnsklokken. By him thús oan de Delistrjitte, by Tresoar, yn de trein fan Ljouwert nei Bûtenpost, ûnderweis yn de bus nei Surhústerfean, op it Skriuwersarkje fan Rink van der Velde en op de camping yn De Pomp.

As in knipperjende tried rint de tiid troch Ien tel de ierde stil.

Der is in winsk om de tiid te manipu...

6,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Leave pake Durk

Hardcover || Auck Peanstra || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Op in dei wurdt pake Durk siik en stjert. Tomke hat fertriet. Meielkoar nimme se ôfskie fan pake.

14,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Tuzen wurden (HER)

2022 || Paperback || Amery || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Dit fleurige printsjewurdboek jout bern fan ferskate âldens èn folwoeksenen de mooglikheid om op in boartlike wize in basiswurdskat fan it Frysk op te bouwen. Ien grutte detaillearre tekening, ferdield oer twa siden, byldet hieltyd in tema út. Yn it ramt dêromhinne wurde ûnderdielen út de tekenings nochris apart delset mei it Fryske wurd derby. De grappige tekenings jouwe in stimulân om it Fryske wurd dêr daliks mei te ferbinen sûnder it oer te setten. De op dy wize mei help fan de g...

15,00
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Dingeman krijt wjukken

2020 || Hardcover || Eppie Dam || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

De twadde printinge fan de klassiker oer Dingeman dy’t tegearre wennet mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Pensjonearde pakes en útborduerde beppes dogge alles watsto wolst, en dêrom stjoere se dy ek noait op bêd. Mar as er dêr oankomt blykt it hiel wat oars te wêzen…

Eppie Dam is in produktyf en alsi...

14,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Bêste jonge

Paperback || Geart Tigchelaar || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

In relaasje tusken man en frou, dat leit soms wat yngewikkeld. Sa ek by Tine en Jarich. Tine liket tefreden mei har libben, mar benammen Jarich krijt it geregeld benaud fan it feit dat alles al sa'n bytsje fêst leit yn syn libben. Risiko's nimme, it ûnferwachte in kâns jaan, in heger lok sykje, dêr giet de nije roman fan Geart Tigchelaar oer."Op dy iene middei sloech it yn as in bom. Ik woe al langer folslein wat oars en it leafst wat oars as oars. Ik wist hieltiten mar net wat, mar doe't...

32,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Genealogysk Jierboek 2019

2019 || Paperback || Ype Brouwers e.a. || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Ynhâld:

Helsinga fan Marsum – Jan T. Anema

Peaux – Otto Schutte

Nakomelingen van Anck Boldewyns te Hindeloopen – Jan de Vries

Wapenregistraasje – Fryske Rie foar Heraldyk

9,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Jou my de romte!

2020 || Paperback || Bart Kingma || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Troch op in beslissend momint yn in belangrike fuotbalwedstriid de bal net ôf te jaan, feroaret Anno syn libben. Hy wurdt troch al syn klasgenoaten yn ‘e steek litten en komt allinne te stean. It pesten wurdt hoe langer hoe slimmer. Hoe moat er dêr mei oan? As er him gjin ried mear wit, siket er help by twa klasgenoaten dy’t ek pest wurde. Mei syn trijen betinke se in plan…

Ik bin net sneu. Der is niks mis mei my. Ik sis it lûdop tsjin mysels. Dat foel my hjoed ynienen op. Dat ik tsj...

14,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

a is fan aapke - a is van aapje

Hardcover || Eppie Dam || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

It biste-alfabet, skreaun troch Eppie Dam en yllustrearre troch dochter Ankemarije. De teksten op rym binne twatalich: Frysk – Nederlânsk. It boekje is omkearber.

A is in letter, al krekt sa’n wûnder as de Z, it sjongt en it gûnzet, sist en snettert fan bisten yn it alfabet.

A is een letter, ver weg van de Z, dichtbij zijn de dieren van het alfabet.

0-4 jier