Zoekfilters

Auteur
Geartsje Douma (3)
Verschijningsvorm
Hardcover (10)
Paperback (9)

Resultaten (19)

17,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

DC ... en tichterby / DC ... en dichterbij

2020 || Paperback || Simon Oosting || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Dizze tredde bondel fan Simon Oosting is twatalich en hjit DC...en tichterby / DC...en dichterbij. DC is Washington DC dêr’t de dichter in skoft wenne hat; gedichten oer DC steane yn it skift mei de gelikense namme. Der komme mear fiere streken oan bar, mar ek de omkriten fan de Feanhoop yn Fryslân dêr’t de dichter in searje gedichten oer brêgen makke hat. De bondel hat fiif skiften dy’t allegear in motto meikrigen hawwe út de Odyssee.

Deze derde bundel van Simon Oosting is tweetal...

14,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Silke & Miss Dee

Hardcover || Baukje Wytsma || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

De âlde Miss Dee dy’t yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is Miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it hiele hûs en der hingje selsmakke gerdinen fan krantepapier foar de finsters. De minsken sizze dat Miss Dee ûnder krantepapier sliept! Wa docht soks no?

As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wen...

22,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Lippebiter fan L. / Lippenbijter van L.

gedichten

2020 || Paperback || Anne Feddema || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Dizze bondel mei gedichten bestiet út nij wurk, mar Anne Feddema hat ek in seleksje makke fan it bêste wurk út syn eardere dichtbondels. Sa presintearret de dichter him foar it earst folslein meartalich.

‘Het is muziek. En we hebben een bourdon, die er altijd is. Letterlijk is het een hommel, in de muziek gaat het om de grondtoon. Die loopt er de hele tijd onderdoor, en daaroverheen komen je improvisaties.’

‘Soms is het alsof het buiten je om gaat. Alsof je in je tuintje aan het oogs...

6,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Tomke en de bijen

2020 || Hardcover || Geartsje Douma || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Yn Tomke en de bijen is it maitiid. Tomke siket blomkes foar Kornelia. Mar o nee, hy sjocht in bij. Help! Romke wol de bij pakke, mar Kornelia hâldt him tsjin. Se nimt Tomke en Romke mei nei ymker Jan, en dêr sjogge se wat bijen allegear dogge.

Der binne fjouwer moaie nije rigeboekjes fan Tomke ferskynd, foar alle seizoenen ien. De boekjes binne te keap foar € 6,50 it stik, óf meielkoar yn in stevige kassette foar € 25,-.

6,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Tomke op it iis

2020 || Hardcover || Geartsje Douma || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Yn Tomke op it iis is it winter. Der leit iis op ’e fiver! Tomke wol graach reedride, mar hy wibelt wol in bytsje… Mei in stoel giet it better, en wa kin moai op ’e stoel sitte?

Der binne fjouwer moaie nije rigeboekjes fan Tomke ferskynd, foar alle seizoenen ien. De boekjes binne te keap foar € 6,50 it stik, óf meielkoar yn in stevige kassette foar € 25,-.

17,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Fjoertoer yn it wâld

2020 || Paperback || Arjan Hut || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

De nijste dichtbondel fan Arjan Hut is der!

ljocht waarmer as fjoer,

ljocht yn it ljocht,

ljocht dat fielt dat wy besteane,

ljocht dêr’t we yn wenje kinne

In fjoerkoer, de moanne, krystferljochting yn in kafee, de flits fan in fototastel, in skittering yn eagen, elektryske lampen, in bioskoopskerm… oeral yn it tsjuster fan dizze bondel dûkt ljocht op.

Gauris liket it in beaken, of bringt it as in spotljocht sênes nei foaren, lykas de eksekúsje fan Johannes de Doper op it skilderij fan...

9,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Jou my de romte!

2020 || Paperback || Bart Kingma || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Troch op in beslissend momint yn in belangrike fuotbalwedstriid de bal net ôf te jaan, feroaret Anno syn libben. Hy wurdt troch al syn klasgenoaten yn ‘e steek litten en komt allinne te stean. It pesten wurdt hoe langer hoe slimmer. Hoe moat er dêr mei oan? As er him gjin ried mear wit, siket er help by twa klasgenoaten dy’t ek pest wurde. Mei syn trijen betinke se in plan…

Ik bin net sneu. Der is niks mis mei my. Ik sis it lûdop tsjin mysels. Dat foel my hjoed ynienen op. Dat ik tsj...

14,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Jorrit & Philo begjinne in klup

2022 || Hardcover || Thys Wadman || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Jorrit en Philo binne freonen. Al hiel lang. Sy sitte byelkoar op skoalle en se boartsje hast alle dagen mei-elkoar. Faak fine se deselde dingen leuk, sa as bûten boartsje. En fytse. At se op it trottoir in deade fûgel lizzen sjogge, fine se dat se dêr wat mei dwaan moatte en dêrom begjinne se fûgelklup "It Fearke. Mar....hûnen, dy binne ek leuk! Dy kinst útlitte en dêr kinst lekker mei drave! En dus wurdt hûneklup "It Sturtsje"oprjochte. Oant der op in dei in reade sportauto yn 'e s...

18,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De raven

Hoe't Elske Schotanus de privacy fan har famyljeleden skeint. Facebookroman

2020 || Paperback || Elske Schotanus || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Hoe’t Elske Schotanus de privacy fan har famyljeleden skeint

Facebookroman

Spannende en bytiden hilaryske famyljestoarje oer Elske, har suster en trije bruorren.

In raven, in drone en in kapitaal njoggentjinde-iuwsk lânhûs yn ’e bosken fan Gaasterlân spylje in wichtige rol yn it ferhaal dat yn ’e simmer fan 2019 yn ôfleveringen op Facebook skreaun waard.

Lêzersreaksjes:

It earste Fryske feuilleton op Facebook. En watfoar ien! Gjin dei oerslein. Alle dagen hast in knappe cliffhanger...