Resultaten (74)

6,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Tomke op it iis

2020 || Hardcover || Geartsje Douma || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Yn Tomke op it iis is it winter. Der leit iis op ’e fiver! Tomke wol graach reedride, mar hy wibelt wol in bytsje… Mei in stoel giet it better, en wa kin moai op ’e stoel sitte?

Der binne fjouwer moaie nije rigeboekjes fan Tomke ferskynd, foar alle seizoenen ien. De boekjes binne te keap foar € 6,50 it stik, óf meielkoar yn in stevige kassette foar € 25,-.

7,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Bisten op 'e pleats

baby fielboekje

2021 || Hardcover || Dawn Sirett || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Fan pluzige pykjes oant wollige skiep, der is foar babys in soad te ûntdekken, fielen en learen mei dit stevige kartonboekje.

6,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Tomke hat syn jierdei

Hardcover || Riemkje Pitstra || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

16,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

By beppe útfanhûs

Hardcover || Mirjam van Houten || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat mear Maaike har mem mist. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe…

In prachtich printeboek, geskikt foar bern fan 4 jier en âlder.

Mirjam van Houten (1977) debutearre yn 2016 mei Tije, in boek foar bern fan sân jier ôf. Dat boek waard yn 2018 foardroegen foar de IBBY Honour List, in twajierlikse ynternasjonale list mei berne- en jeugdboeken fan hege kwaliteit.

14,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Abe en de Aardichman

2022 || Hardcover || Tialda Hoogeveen || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?

In sfearfol ferhaal oer in jonkje dat syn eangst oerwint mei prachtige yllustraasjes. Foar bern...

15,00
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Jelle en juf

2022 || Hardcover || Mirjam van Houten || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Jelle is gewoan in leaf, tûk, sterk en grappich jonkje. Mei in hiel soad fantasy. Dat wol. Jelle syn luie each is soms sa lui dat it thús op de bank lizzen bliuwt te tillefyzjesjen. Jelle komt te let omdat er ûnderweis nei skoalle rúzje hat mei in babydino. Jelle hat altyd aparte fratsen. Juf hat it der mar drok mei …

Fiifentweintich humoristyske foarlêsferhaaltsjes mei prachtige yllustraasjes oer it fantasyrike jonkje Jelle en syn juf dy’t soms strang, mar ek hiel leaf is. Foar bern...

6,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Leave pake Durk

Hardcover || Auck Peanstra || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Op in dei wurdt pake Durk siik en stjert. Tomke hat fertriet. Meielkoar nimme se ôfskie fan pake.

15,00
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Dingeman krijt wjukken

2020 || Hardcover || Eppie Dam || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

De twadde printinge fan de klassiker oer Dingeman dy’t tegearre wennet mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Pensjonearde pakes en útborduerde beppes dogge alles watsto wolst, en dêrom stjoere se dy ek noait op bêd. Mar as er dêr oankomt blykt it hiel wat oars te wêzen…

Eppie Dam is in produktyf en alsi...

14,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

a is fan aapke - a is van aapje

Hardcover || Eppie Dam || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

It biste-alfabet, skreaun troch Eppie Dam en yllustrearre troch dochter Ankemarije. De teksten op rym binne twatalich: Frysk – Nederlânsk. It boekje is omkearber.

A is in letter, al krekt sa’n wûnder as de Z, it sjongt en it gûnzet, sist en snettert fan bisten yn it alfabet.

A is een letter, ver weg van de Z, dichtbij zijn de dieren van het alfabet.

0-4 jier

6,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Tomke útfanhûs

Hardcover || Riemkje Pitstra || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Tomke sil by Yana Yu