Zoekfilters
Resultaten (3)
morgen verzonden
Ynbyld Gedichten
2017 || Hardcover || Elske Kampen || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk
Bin ik op in eilân en inkeld mei myn each kin ik
de see berikke, wylst ropt in twingjend freegjen
yn my om alles wat it sjocht te neamen.
Mar leaver as te neamen, graaf ik.Krij in skeppe en bûgje my foaroer en graaf. En iepen-ticht en iepen-ticht is wylst it wikseljen fan tij in núnderjend gerdyn, binne myn knibbels wiet fan it heechspringend wetter en moarn
myn boksen mei bedrûge skom it wyt bewiis
dat ik hjir werklik wie.
61 siden, ynbûn
morgen verzonden
Wa kin skiede fan in freon
gedichten en wurden fan treast
Paperback || Gerda van der Wijk || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk
Ik mis dy wêr't ik hinnegean
of wêr't ik hinnekear:
de iere moarn, de dagen rûn
en jûntiids namstemear
Bin ik allinne, triennen rinne
itsij treurich, itsij blij,
ik mis dy, o ik mis dy sa,
ik mis dy njonken my!
Guido Gezelle
morgen verzonden
De aap foar de bokkewein
wat noch te rymjen yn 2016
2017 || Paperback || Eppie Dam || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk
It jier hat bylden boud en wiske;
wij stoarje troch it keamersrút -
it krúspunt smeult, der twirret jiske,
in pylk set noch de himel út.
As it fehikel fan de foarútgong in bokkewein is, dan hiene we der leafst in wize sik foar hân. Mei fêst in idee om ergens hinne. Mar 2016 wie it jier fan de aap, net allinnich fan de Sinezen. Dichter Eppie Dam folge tsien moannen lang de tiid op 'e foet. De oanslaggen, it klimaat, de swalkjende polityk, ferlies oan gearhing en de iensumens fan God: it ...