Zoekfilters

Resultaten (9)

12,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Wat in koffer seit

fersen út Theresienstadt

2020 || Paperback || Ilse Weber || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

k bin in lytse koffer út Frankfurt am Main en ik sykje myn baas, wêr is er toch tein?

As de muorren prate koene, de muorren fan Theresienstadt… Mar muorren hâlde har net ivich en altyd stil. Tanksij Ilse Weber (1903-1944) witte wy wat se sein hawwe, sy hat de muorren harren ferhaal dwaan litten. Ilse liet as dichter sels in koffer prate, like ûnwennich fan minsken as elkenien yn in roetswarte oarloch. Ilse Weber, dy’t as nachtsuster yn it bernesikehûs yn Theresienstadt altyd in sniew...

35,00
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Passys

2020 || Paperback || Josse de Haan || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

De skriuwer Josse de Haan ferrast syn trouwe lêzers mei dizze nije, grutte roman. Hy wurke der fiif jier oan.

'Passys’ is in boek oer in libben yn leafde en literatuer. In boek dat út syn aard wei 'autofiksjoneel' wêze moast. Mar tagelyk hat Josse de Haan dy autobiografyske ynvestearring finaal ûnderút helle, troch in rûts oan perspektiven op dat libben te yntrodusearjen.

Sa ûntstiet yn de roman in rige fan libbens, soms elkoar oerlaapjend, mar altyd optekene fanút in oar moment y...

16,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De grize oer de grouwe

Duvelske streken

2020 || Paperback || Sjoerd Bottema || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Goeie ferhalen meie altyd wer op ’e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Oer harren tjustere praktiken, grouwelich en grousum, mar ek gauris fermaaklik.

Sjoerd Bottema debutearre yn 1995 mei It fertriet fan dokter Kildare. Dêrnei ferskynden ferskillende ferhalebondels en in roman. Yn 2020 waard it ferhaal Total Loss bekroand mei in Rely Jorritsmapriis.

17,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Ntrije55

2020 || Paperback || Elske Kampen || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Simmer 2017 rûn ik tal fan kearen oan ‘e westkant fan Hurdegaryp by de N355 del. Ik socht dêr om lyts yndustrieel ôffal, lykas bygelyks eintsjes tou, stikjes metaal, glês en keunststof. Dy fynsten, losrekke fan in eardere funksje yn in grutter gehiel, wiene ferwurden ta tafallige foarmen en dêrmei beskikber foar my om in nije betsjutting oan te jaan.’

De gedichten yn dizze bondel Ntrije55 hat Elske Kampen skreaun nei oanlieding fan dit materiaal. Dêrmei set se in folgjende stap op h...

17,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

DC ... en tichterby / DC ... en dichterbij

2020 || Paperback || Simon Oosting || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Dizze tredde bondel fan Simon Oosting is twatalich en hjit DC...en tichterby / DC...en dichterbij. DC is Washington DC dêr’t de dichter in skoft wenne hat; gedichten oer DC steane yn it skift mei de gelikense namme. Der komme mear fiere streken oan bar, mar ek de omkriten fan de Feanhoop yn Fryslân dêr’t de dichter in searje gedichten oer brêgen makke hat. De bondel hat fiif skiften dy’t allegear in motto meikrigen hawwe út de Odyssee.

Deze derde bundel van Simon Oosting is tweetal...

22,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Lippebiter fan L. / Lippenbijter van L.

gedichten

2020 || Paperback || Anne Feddema || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Dizze bondel mei gedichten bestiet út nij wurk, mar Anne Feddema hat ek in seleksje makke fan it bêste wurk út syn eardere dichtbondels. Sa presintearret de dichter him foar it earst folslein meartalich.

‘Het is muziek. En we hebben een bourdon, die er altijd is. Letterlijk is het een hommel, in de muziek gaat het om de grondtoon. Die loopt er de hele tijd onderdoor, en daaroverheen komen je improvisaties.’

‘Soms is het alsof het buiten je om gaat. Alsof je in je tuintje aan het oogs...

17,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Fjoertoer yn it wâld

2020 || Paperback || Arjan Hut || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

De nijste dichtbondel fan Arjan Hut is der!

ljocht waarmer as fjoer,

ljocht yn it ljocht,

ljocht dat fielt dat wy besteane,

ljocht dêr’t we yn wenje kinne

In fjoerkoer, de moanne, krystferljochting yn in kafee, de flits fan in fototastel, in skittering yn eagen, elektryske lampen, in bioskoopskerm… oeral yn it tsjuster fan dizze bondel dûkt ljocht op.

Gauris liket it in beaken, of bringt it as in spotljocht sênes nei foaren, lykas de eksekúsje fan Johannes de Doper op it skilderij fan...

9,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Jou my de romte!

2020 || Paperback || Bart Kingma || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Troch op in beslissend momint yn in belangrike fuotbalwedstriid de bal net ôf te jaan, feroaret Anno syn libben. Hy wurdt troch al syn klasgenoaten yn ‘e steek litten en komt allinne te stean. It pesten wurdt hoe langer hoe slimmer. Hoe moat er dêr mei oan? As er him gjin ried mear wit, siket er help by twa klasgenoaten dy’t ek pest wurde. Mei syn trijen betinke se in plan…

Ik bin net sneu. Der is niks mis mei my. Ik sis it lûdop tsjin mysels. Dat foel my hjoed ynienen op. Dat ik tsj...

18,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De raven

Hoe't Elske Schotanus de privacy fan har famyljeleden skeint. Facebookroman

2020 || Paperback || Elske Schotanus || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Hoe’t Elske Schotanus de privacy fan har famyljeleden skeint

Facebookroman

Spannende en bytiden hilaryske famyljestoarje oer Elske, har suster en trije bruorren.

In raven, in drone en in kapitaal njoggentjinde-iuwsk lânhûs yn ’e bosken fan Gaasterlân spylje in wichtige rol yn it ferhaal dat yn ’e simmer fan 2019 yn ôfleveringen op Facebook skreaun waard.

Lêzersreaksjes:

It earste Fryske feuilleton op Facebook. En watfoar ien! Gjin dei oerslein. Alle dagen hast in knappe cliffhanger...