Zoekfilters
Resultaten (15)
morgen verzonden
Wêr is Keimpe?
2021 || Hardcover || Lisa Boersma e.a. || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
In prachtich sjoch-, lear- en fertelboek fan Keimpe de Krokodil.
in hiel soad wurden om 20 ferskillende tema’s hinne
trije talen: Frysk, Nederlânsk en Ingelsk
Keimpe dy’t him op alle platen ferstoppe hat, kinsto ‘m fine?
de útspraak fan de wurden yn trije talen online fia de QR-koade of de webside www.keimpe.frl
morgen verzonden
Hero
2021 || Hardcover || Martha Attema || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Yn de lêste winter fan de Twadde Wrâldoarloch moat Izaak syn ûnderdûkplak yn Amsterdam ferlitte, omdat it dêr te gefaarlik wurdt. Hy reizget achter op de fyts by koerierster Els nei syn nije skûlplak, in buorkerij yn it noarden fan Fryslân. En ek al binne de minsken dêr leaf foar him, hy fielt him iensum en ellindich. Pas at er freonskip slút mei it prachtige swarte hynder Hero, feroaret dat. De Dútsers wolle dy sterke Fryske hynst ek graach hawwe, en as de soldaten komme om it hynd...
morgen verzonden
Wyt ljocht
Paperback || Baukje Wytsma || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Wyt ljocht, in suver en ynderlik ljocht. Wyt op syn helderst, dêr wêr’t alles begjint en einich is. Dêrtusken is libben, is tiid. Yn dizze romte belibbet elk minske syn eigen aventoer, ommers yn it wite ljocht rinne alle kleuren fan it libben gear. Soms falt alles teplak, alles wat is, alles wat wie, in eagenblik alteast kriget alles in djippere betsjutting.
Baukje Wytsma (Reduzum, 1946) is al 45 jier aktyf yn de Fryske literatuur, benammen as berneboekeskriuwster en as dichteres. Yn 200...
morgen verzonden
Bisten op 'e pleats
baby fielboekje
2021 || Hardcover || Dawn Sirett || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Fan pluzige pykjes oant wollige skiep, der is foar babys in soad te ûntdekken, fielen en learen mei dit stevige kartonboekje.
morgen verzonden
Tomke hat syn jierdei
Hardcover || Riemkje Pitstra || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
morgen verzonden
Noas tsjin 't glês
Paperback || Edwin de Groot || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
morgen verzonden
By beppe útfanhûs
Hardcover || Mirjam van Houten || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat mear Maaike har mem mist. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe…
In prachtich printeboek, geskikt foar bern fan 4 jier en âlder.
Mirjam van Houten (1977) debutearre yn 2016 mei Tije, in boek foar bern fan sân jier ôf. Dat boek waard yn 2018 foardroegen foar de IBBY Honour List, in twajierlikse ynternasjonale list mei berne- en jeugdboeken fan hege kwaliteit.
morgen verzonden
a is fan aapke - a is van aapje
Hardcover || Eppie Dam || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
It biste-alfabet, skreaun troch Eppie Dam en yllustrearre troch dochter Ankemarije. De teksten op rym binne twatalich: Frysk – Nederlânsk. It boekje is omkearber.
A is in letter, al krekt sa’n wûnder as de Z, it sjongt en it gûnzet, sist en snettert fan bisten yn it alfabet.
A is een letter, ver weg van de Z, dichtbij zijn de dieren van het alfabet.
0-4 jier
morgen verzonden
It neidiel fan ’e twivel
Paperback || I.E. Bloem || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Bas hat al it ien en oar meimakke as er nei Italië giet foar in útwikselingsprojekt fan skoalle. Hy hat it dêr prima nei ‘t sin en wurdt al gau fereale op de mysterieuze Julia. Mar dan grypt it coronafirus om him hinne en de bûtenlânske studinten moatte daliks op it fleantúch nei hûs.
Mar kin Bas syn grutte leafde sa achterlitte, krekt no’t se har geheimen oan him ferteld hat? En hoe sit it eins mei syn eigen ferline?
It neidiel fan ‘e twivel is de twadde jeugdroman fan I.E. Bloe...
morgen verzonden
Stikelbarchje prikkeprik
2021 || Hardcover || Baukje Wytsma || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Giesto nei dyn holtsje
Moai lyts stikelboltsje
Kom stikelbarchje prik prik prik
Sille wy boartsje do en ik?
In waarm boekje mei ritme en rym om de alderlytsten genietsje te litten fan taal en natuer.