Wittenskip en Beweging - Skôgings oer wurk en stribjen fan prof. dr. Tony Feitsma

Voorzijde
Achterzijde
25,00
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel
ISBN: 9789492052131
Uitgever: Wijdemeer Louw Dijkstra
Verschijningsvorm: Hardcover
Auteur: Anne Tjerk Popkema Lolke Folkertsma Redbad Veenbaas Alex Riemersma
Druk: 1
Pagina's: 300
Verschijningsjaar: 2015
NUR: Fries

It boek Wittenskip en Beweging befettet in alvetal skôgings fan foaroansteande wittenskippers oer it wurk fan prof.dr. Anthonia (Tony) Feitsma (1928-2009). Feitsma wie net allinne in lang skoft professor Frysk yn Amsterdam, mar ek in fûleindich striidster foar it Frysk; dêrby mijde se de konfrontaasje perfoarst net. Boppedat wie Tony Feitsma yn de sechstiger jierren ien fan de oprjochters fan de FNP. Yn - letterlik - tûzenen stikken hat Feitsma yn kranten, tydskriften en boeken skreaun en wreaun oer it Frysk en syn posysje yn de maatskippij. Boppedat hat se yn de santiger jierren besocht om in eigen stavering te yntrodusearjen, dy't slim ôfwykte fan de gongbere.

It boek befettet as bylage in folsleine list fan al har stikken.

Wittenskip en Beweging is in útjefte fan Utjouwerij Wijdemeer, op inisjatyf fan it Feitsma Fûns ('Fûûns fwar it Frysk').

Meiwurkers:

Henk Meijering

Alex Riemersma

Jarich Hoekstra

Philippus H. Breuker

Arjen Versloot

Jan Noordegraaf

Anne Dykstra

Hindrik Sijens

Jan Popkema

Liuwe H. Westra

Redaksje

Anne Tjerk Popkema

Lolke Folkertsma

Redbad Veenbaas

Alex Riemersma

Boekfersoarging: Peter Boersma