Kosmysk sekslibben

Diel 16 fan ‘In Fryske Odyssee’

Voorzijde
Achterzijde
22,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel
ISBN: 9789464247770
Uitgever: Aspekt B.V., Uitgeverij
Verschijningsvorm: Paperback
Auteur: Willem Tjerkstra
Druk: 1
Pagina's: 292
Taal: Nederlands
Verschijningsjaar: 2021
NUR: Literaire fictie algemeen

Kosmysk sekslibben is it sechtjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten en Hege flecht wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1999.

Oan de râne fan de Titikakamar, de heechste mar fan de wrâld, wenne in tal iuwen foar Kristus in folk mei in bysûndere lieder, Kosmar Niguan. Doe’t er op ’e grins fan seksuele ripens wie, waard er him bewust fan syn ferbining mei de kosmyske goadewrâld: de sinne, moanne en de stjerren. As religieuze lieder fan syn folk beskôge er it sekslibben as ien fan de aspekten fan de religy. Hysels hie as bûtensteander homofile gefoelens, dy’t er syn libben lang foar himsels hold. Sa stiet Kosmar Niguan model foar alle jonge minsken dy’t troch de iuwen hinne net útkommen binne foar har seksuele foarkar.