Fan in keninklik ferline

Diel 7 fan ‘In Fryske Odyssee’

Voorzijde
Achterzijde
22,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel
ISBN: 9789464244755
Uitgever: Aspekt B.V., Uitgeverij
Verschijningsvorm: Paperback
Auteur: Willem Tjerkstra
Druk: 1
Pagina's: 338
Verschijningsjaar: 2021
NUR: Literaire fictie algemeen

Fan in keninklik ferline is it sânde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft en Krêftfjilden wurdt it libben fan Bouke Blomhof beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1986.

Yn Krêftfjilden komt sawol op ’e Blomhof-pleats as yn de Heidenskipster skoalle it slavebestean oan de oarder. Nei’t op skoalle it lot fan de slaven yn de skiednisles behannele is, lizze de learlingen in ferbân mei de situaasje op ’e Blomhof-pleats: feint Sije Minnema soe ek in slaaf wêze.

Yn de roman Fan in keninklik ferline wurdt in ferbân lein tusken it lot fan de swarte slaven en dat fan de yndianen. It begjint mei de ûntfiering fan de swarte jonge Natana, soan fan de kening fan Eboe yn Afrika. Yn it twadde diel fan de roman slút pakesizzer Natana him oan by de yndianen om foar har belangen op te kommen. Oan de ein sjocht er as yn in fisioen in swarte lieder presidint fan de Feriene Steaten wurden.