De Onniefariant

Voorzijde
Achterzijde
21,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel
ISBN: 9789463655767
Uitgever: Elikser B.V. Uitgeverij
Verschijningsvorm: Paperback
Auteur: Hilda Talsma
Druk: 1
Pagina's: 201
Verschijningsjaar: 2023
NUR: Streek- en familieromans

It koroanafirus hat de wrâld al twa jier yn ’e greep. Lockdowns, faksinaasjes en oare maatregels ha in grutte wjerslach op ’e minsken. De grutte ûnwissichheid oer alles makket dat minsken hieltyd mear tsjinelkoar oer komme te stean. Ek de Onnies reitsje slim ferdield as it op pandemy en polityk oankomt. As dan ek noch de koarte, mar yntinse relaasje tusken Roos en Richard fan trije jier lyn oan it ljocht komt, rinne de frustraasjes oer en wer sa heech op, dat de famylje útinoar driget te fallen.

In feest yn Klup Panhuys bringt koarte tiid wer wat fleur yn it libben, mar kin net foarkomme dat de oars sa krigele Connie hieltyd mismoediger wurdt. De help komt út ûnferwachte hoeke.

Yn De Onniefariant komme suver alle âlde bekenden út de boeken fan Hilda Talsma wer werom, want allegear binne se op ien as oare wize ferbûn mei dy bysûndere twaling!

Hilda Talsma skriuwt flotte en spannende boeken foar in breed publyk. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum: De twadde hûd, Flammen & It geloksbern, letter bondele ta de Frisum Trilogy. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. Yn de jierren 2015, 2016 en 2017 ferkynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners, letter bondele yn de Wyntrilogy. Yn 2019 kaan de roman De Onnie’s en it hynstebal út, wêryn personaazjes út al de eardere romans weromkomme. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen ûnder it bêd en yn 2021 it boekewikegeskink Lockdownleafde.