Zoekfilters
Resultaten (3)
morgen verzonden
De Goargels
yn 't Frysk!
Hardcover || Jochem Myjer || Uitgeverij Bornmeer || met inkijkexemplaar
Midden yn ’e nacht wurdt Melle wekker. Der sit in frjemd wêzentsje op de râne fan syn bêd. It liket wol in boltsje wol, mei earmkes en skonkjes en twa hierrige, puntige earen. Mar as Melle it ljocht oandocht, is it wêzentsje fuort.
As er der op skoalle oer fertelt laitsje se him allegear út. Sels heit, dy’t biolooch is, seit dat it ûnsin is, dat sokke wêzentsjes net bestean. Mar Melle wit seker wat er sjoen hat …
No ek yn it Frysk, dit fantasyrike en spannende aventoer oer Goarge...
morgen verzonden
Fûgels yn ús
Paperback || Catharina Lautenbach || Uitgeverij Bornmeer || met inkijkexemplaar
De ferhalen yn dizze bondel binne licht absurdistysk fan toan en koart en krêftich. Mei emoasje en gefoel foar taal nimt Catharina Lautenbach de lêzer mei yn humoristyske situaasjes, famyljekonflikten en geheimen. Ferskate personaazjes passearje yn fûgelflecht de revu en sjogge har steld foar fragen en problemen dy’t yntrigearje. Faak komt in ûnferwachte ûntjouwing ta stân.
Catharina Lautenbach is berne yn Drachten (1964). Fûgels yn ús is har literêre debút.
morgen verzonden
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen
Paperback || Freddie Scheltema || Uitgeverij Bornmeer || met inkijkexemplaar
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen is in samling gedichten en koarte ferhalen. It is proaza en poëzy oer it deistige libben, mar mei in flinke knypeach. Fleurige ferhalen en oertinkingen, fan ‘De hûnen fan Barry Hay’ oant ‘De Hooliganbus’ en de absurdistyske gedichten ‘By de kofje-automaat’. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer.
Freddie Scheltema (Easterein, 1960) skriuwt yn it Nederlânsk, mar foaral yn it Frysk. Yn syn tiid op de middelbere sk...