Zoekfilters

NUR
Poëzie (2)

Resultaten (6)

14,95
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

DJ Elle en oare LinKkferhalen

en oare LinKk ferhalen

2017 || Paperback || Marrit de Schiffart e.a. || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

De moaiste, spannendste, grappichste, treurichste, bêste ferhalen út it tydskrift LinKk.

9,95
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Wa kin skiede fan in freon

gedichten en wurden fan treast

Paperback || Gerda van der Wijk || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

Ik mis dy wêr't ik hinnegean

of wêr't ik hinnekear:

de iere moarn, de dagen rûn

en jûntiids namstemear

Bin ik allinne, triennen rinne

itsij treurich, itsij blij,

ik mis dy, o ik mis dy sa,

ik mis dy njonken my!

Guido Gezelle

10,99
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Wy geane hjoed op bearejacht

Paperback || Michael Rosen || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

In oersetting fan dit hast klassyk te neamen printeboek, dêr't heit, mei syn fjouwer bern, allerhanne swierrichheden as blabze, wetter, in sniestoarm en in tsjustere bosk oerwint op jacht nei de bear. Mar dan is der de konfrontaasje en witte se net hoe gau't se werom fleane sille nei it feilige hûs. In kostlik sirkelferhaal mei oansprekkende werhellings by elk obstakel.No yn kartonferzje!

Wy geane hjoed op bearejacht.

Wy fange fêst in gruttenien.

Wat ha we in prachtige dei!

Wy jouwe nerg...

17,50
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

De aap foar de bokkewein

wat noch te rymjen yn 2016

2017 || Paperback || Eppie Dam || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

It jier hat bylden boud en wiske;

wij stoarje troch it keamersrút -

it krúspunt smeult, der twirret jiske,

in pylk set noch de himel út.

As it fehikel fan de foarútgong in bokkewein is, dan hiene we der leafst in wize sik foar hân. Mei fêst in idee om ergens hinne. Mar 2016 wie it jier fan de aap, net allinnich fan de Sinezen. Dichter Eppie Dam folge tsien moannen lang de tiid op 'e foet. De oanslaggen, it klimaat, de swalkjende polityk, ferlies oan gearhing en de iensumens fan God: it ...

14,95
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Sirkus PeM en de ûlewapper

2017 || Paperback || Mindert Wijnstra e.a. || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

Pier en Marieke wenje neistelkoar. Se binne beide acht jier en dikke maatsjes. Ferfele dogge se harren noait. Se ha fantasy genôch en fine alle kearen wer wat nijs út. Op in dei sette se sels in hiele sirkusfoarstelling op tou - al giet net alles sa't se it bedoeld ha. Dy goeie bedoelings pakke wol faker ferkeard út by harren brike aventoeren. Mar al hoe mâl oft it soms ek giet, meastal rint it dochs noch goed ôf. Teminsten .... Foar Pier en Marieke.

Fyftjin fleurige ferhalen foar jong e...

9,95
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Spetter, spetter ... en oare ferskes

2017 || Paperback || Geartsje Douma e.a. || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

De moaiste (opsis) ferskes en sykplaten út de Tomke-boekjes fan de ôfrûne 20 jier. Tomke hat se sels foar dy útsocht! Mei prachtige yllustraasjes fan Linda de Haan

Rommele bom, rommele bom!

Rommele bom bom bom!

Yn elke hân in stokje.

Ik slach op de trom.

Retteketet retteketet!

Retteke tet tet tet!

Fingers op de knopkes:

Ik spylje trompet.

Tutetdetút tuterdetút!

Tuterde tút tút tút!

Ik blaas op it fluitsje.

No is it ferske út.