Zoekfilters

Auteur
Jochem Myjer (2)
Verschijningsjaar
2020 (2)
2021 (2)

Resultaten (5)

18,99
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

De Goargels en it geheim fan ’e gletsjer

yn ’t Frysk!

2023 || Hardcover || Jochem Myjer || Uitgeverij Bornmeer

Melle en syn famylje binne op fakânsje yn ’e Alpen.

Midden yn ’e nacht wurdt Melle syn suske Limoni yn panyk wekker. Wêr is har rêchtas? En noch wichtiger, wêr is har eigen Goargel, Belia?

Dat is it begjin fan in superspannend aventoer wêryn’t it spoar liedt nei de gletsjer, dy’t stadich begjint te ranen no’t it waarmer wurdt. Melle, Bobba en Limoni komme yn ’e kunde mei Murmeltieren, rôffûgels, Berchgoargels en Koarrepûsters. Se wurde holpen troch Katja, dy’t alles wit...

17,99
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

De Goargels

yn 't Frysk!

Hardcover || Jochem Myjer || Uitgeverij Bornmeer || met inkijkexemplaar

Midden yn ’e nacht wurdt Melle wekker. Der sit in frjemd wêzentsje op de râne fan syn bêd. It liket wol in boltsje wol, mei earmkes en skonkjes en twa hierrige, puntige earen. Mar as Melle it ljocht oandocht, is it wêzentsje fuort.

As er der op skoalle oer fertelt laitsje se him allegear út. Sels heit, dy’t biolooch is, seit dat it ûnsin is, dat sokke wêzentsjes net bestean. Mar Melle wit seker wat er sjoen hat …

No ek yn it Frysk, dit fantasyrike en spannende aventoer oer Goarge...

19,90
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

De Gouden iuw yn Boazum

It deistich libben fan gewoane minsken yn in doarpsmienskip

Hardcover || Philippus Breuker || Uitgeverij Bornmeer

Yn de gouden Iuw yn Boazum beskriuwt Philippus Breuker de libbens fan alle húshâldingen dy't fjouwerhûndert jier lyn mei elkoar yn ien doarp wennen. It giet oer gewoane minsken yn in karakteristyk Frysk doarp wennen. Guon wienen der berne, lykas har âlden, en soms wennen har bern der ek wer. Oaren kamen út de omkriten en in inkeling hie der gjin famylje. Sa omfiemet dizze doarpsmienskip yn 1640 twa iuwen, fan 1500 oant 1700.

Fan de 87 húshâldingen wienen in protte famylje fan elkoar, f...

12,50
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Fersen foar Fokje

Syklus fan Piter Jelles Troelstra

Hardcover || Bertus Mulder || Uitgeverij Bornmeer || met inkijkexemplaar

Yn de simmer fan 1881 krige de jonge Piter Jelles Troelstra ferkearing mei de boeredochter Fokje Frânses Pasma fan Westermar. Doe’t hy studint waard yn Grins, moast dit oer wêze neffens de famylje Troelstra.

Yn njoggentjin fersen fan Piter Jelles fynt men dêrfan de delslach. De fersen foar Fokje beskriuwe syn jongfeinte lok en lijen. ‘De leafde foel as simmerrein m’yn ’t hert,’ skriuwt er. De opgong, de twifel, de hope op better as de ferkearing in jier tusken heakjes set wurdt, ...

24,90
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

As ik de toer mar sjoch …

Aldeboarn yn 75 libbensferhalen

2021 || Hardcover || Janny van der Heide-Reijenga e.a. || Uitgeverij Bornmeer || met inkijkexemplaar

75 ferhalen fan Boarnsters oer de leafde en har djipste fertriet, oer hoe it wie, op skoalle, hokker fiten se úthellen en hoe’t se karriêre makken. Mar ek wêr’t se sa’n spyt fan hiene. Oer it belib¬jen fan nei tsjerke gean en oer de wille fan it gondelbouwen. It entûsjasme foar de sport en de ynset om Aldeboarn op ’e kaart te hâlden. Oer de jierren dat der ja en amen sein wurde moast tsjin klanten om winkeltsjes oerein te hâlden. Oer de opgeande tiid fan de boeren, mar ek oer i...