Zoekfilters

NUR
Fries (3)

Resultaten (4)

19,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Quist

2020 || Paperback || Koos Tiemersma || Het Nieuwe Kanaal

In man rint, in lege rolstoel foar him út triuwend, oer plakken as Weidum, Winsum en Baard fan Ljouwert nei Harns, om dêrnei troch te reizgjen nei ien fan ’e eilannen. Dy rolstoel is net fan himsels:

hy hat him stellen. Mar is Julius Quist, learaar oan in gymnasium yn de haadstêd, dêrmei in dief? Want achter dy rolstoel sit it ferhaal fan in frou mei wa’t er, steande foar it rút fan syn lokaal, in

relaasje-op-ôfstân oangie.

No is er ûnderweis nei har begraffenis. Algau fernimt er ...

19,90
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

En it hie sa moai wêze kinnen

2020 || Paperback || Durk Van der Ploeg || Het Nieuwe Kanaal

‘It wie in ûngemak. Se is fallen, of net goed wurden. Nee. Nee. Der barde wat. Ja, wat is der bard? Do hast it net sjoen. Wiest dan op it hiem? Stiest njonken de dobbe doe’tst har heardest? Rôp se? Hat se in gjalp jûn? Of stiest by it hjid dehok? Ik soe in mannich planken fêsthuffe. Faaks ha ’k yn ’e steich tusken de droech - loadsen stien. Heardest noch dat se de doar tusken it gonkje en de loads tichtsloech. Of wie dat de miggedoar? As Baef nachts nei ’t hús ke moast,

hearde...

19,90
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Boechbylden

2020 || Paperback || J. Slauerhoff || Het Nieuwe Kanaal

In grutte seleksje út de gedichten fan Slauerhoff yn it Frysk beskikber te hawwen, is yn Fryslân al lang in winsk dy’t wachtet op ferfolling; dit boek hat jierren ûnderweis west. De hjir byinoar brochte fersen binne útkeazen en oerset troch de dichters Eppie Dam (Gysbert Japicxpriis 2017) en Abe de Vries (Gysbert Japicxpriis 2005).

Dichter Jan Jacob Slauerhoff (1898-1936) wie in Ljouwerter, opgroeid as soan fan in ynterieurwinkelman yn ’e stêd, siet mei Simon Vestdijk op ’e HBS en ...

22,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Jacht op de Codex Frisicus

2020 || Paperback || Willem Schoorstra || Het Nieuwe Kanaal

"Jacht op de Codex Frisicus is in eksplosive thriller sûnder wjergea. Willem Schoorstra nimt de lêzer yn in razend tempo mei yn in ynternasjonaal ferhaal, wêryn’t feit en fiksje op ûnneifolchbere wize yninoar oerrinne."

As op in stuit in samling skriften en brieven opdûkt dêr’t ek âlde, yn runen beskreaune fellums by sitte, komme der krêften op gong dy’t de libbens fan tal minsken op ’e kop sette sille. Lykas dat fan eks-resjersjeur Tideman Bijlsma, syn two-night stand Frida e...