Resultaten (7)

17,50
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

En dêr marsjearje ik hinne

Paperback || Meindert Bylsma || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

Yn dizze boartlike en satiryske novelle reizget Meindert Bylsma mei it jonkje dat er ea wie troch falstrikken en hinderlagen yn it libben. Boartlik en blomryk fertelt er oer it gefaar fan klisjeemieningen, sjabloonoardielen, fan monotinken en hierargysk machtsmisbrûk. Sa komt er der efter dat it in poepetoer wurde sil foar sa'n lyts mantsje, dy't op de startline stiet, mei de hurddraversskuon al oan, om in keardel te wurden.

19,95
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

It iene hellet it oare út

2020 || Paperback || Meindert Bylsma || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

Jo sille it no grif wol yn ’e gaten hawwe, achte lêzer, dit boek sil alle kanten út fleane. It ûntstiet. Ik ha gjin fêst plan. Ik sil mei feit en fiksje yn ’e kamp gean. As wie it yn in hurdfytswedstryd. Der kin feit yn myn bidon sitte, of feit mei in flut fantasije der trochhinne, mar it kin likegoed fiksje wêze, of fiksje mei in steal wierheid der yn.

Dizze assojaasjeroman rint ‘fan koarstekoeke nei jenever’. It begjint en eindiget mei it jonkje Timen,dat gauris te let op skoal...

19,50
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Wês wiis mei nuvere houtsjes

2023 || Paperback || Meindert Bylsma || Elikser B.V. Uitgeverij

Yn dit boek bondelt Meindert Bylsma aparte ferhalen mei nuveraardige útkomsten. Hy neamt se kremearkes, kre(kt)mearkes. Dêrmei eigenet er him ta wat mearkes eigen is: frijheid. Gjin gemier mei wat wier is en net wier, gjin gemiter mei wat kin en wat net kin. Alles kin en alles is wier, oeral en altyd.

In koartswilige bondel mei orizjinele fynsten en ynfalshoeken.

Fan Meindert Bylsma ferskynden by Elikser earder trije spannende en fermaaklike plysjeromans oer it duo de Blomkes: Allegearre ...

17,50
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Allegearre snie

speurdersroman

Paperback || Meindert Bylsma || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

De biljertklup 'Krijt op tijd' wachtet op Bareld. Ek al is dy mar ûnderhâldsmonteur op in plestikfabryk, dêr't er gjin topynkommen hat, hy is altyd goed foar in rûntsje foar alle leden fan 'e klup. Bareld is meastal op 'e tiid, mar diskear is er frij let. As er syn partij spile hat en eefkes nei bûten is om in sigret te smoken, komt der in frommis mei read hier nei binnen en freget nei Bareld. Se stjoere har efter Bareld oan. Dy sil dus beskie jaan moatte as er werom komt. Mar hy komt ne...

13,50
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

In balpinne tsjin 'e râne fan it trotwaar

2019 || Paperback || Meindert Bylsma || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

Koartswyl, satire, grutte gedachten, lytse gedachten, de balpinne set Meindert Bylsma oan ta skriuwen. En dan kinne jo alles ferwachtsje. Fan mearkes oant gedichten fan neat. In bysûndere samling fan in orizjinele geast, dy't al ferskate opfallende spoaren neilitten hat yn de Fryske literatuer.

16,50
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Moard yn tsjerke

Paperback || Meindert Bylsma || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan ’e grêfkelder dy’t ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boere-adel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke.

Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op ’e trep nei de kelder leit in lyk.

Wurk oan de winkel foar brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen. De beide mannen binne folslein ferskillend fan aard. Se jouwe inoar gauris stekken ûnder wetter en Bekkema moat Roosjen regelmjittich wer by de les lûke, mar se kinne as de blommen. Op it buro wurde se dan ek “De Blomkes” neamd...

16,50
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Moard yn 'e hite hei

Paperback || Meindert Bylsma || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan 'e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech, in jutesek. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op 'e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op 'e rin.

Resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro 'de Bl...