Resultaten (12)

29,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Mearkes fan Grimm

Hardcover || Anne Tjerk Popkema || 20 Leafdesdichten BV Bornmeer

In klassiker dy't jong en

18,99
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De Goargels en it geheim fan ’e gletsjer

yn ’t Frysk!

2023 || Hardcover || Jochem Myjer || Uitgeverij Bornmeer

Melle en syn famylje binne op fakânsje yn ’e Alpen.

Midden yn ’e nacht wurdt Melle syn suske Limoni yn panyk wekker. Wêr is har rêchtas? En noch wichtiger, wêr is har eigen Goargel, Belia?

Dat is it begjin fan in superspannend aventoer wêryn’t it spoar liedt nei de gletsjer, dy’t stadich begjint te ranen no’t it waarmer wurdt. Melle, Bobba en Limoni komme yn ’e kunde mei Murmeltieren, rôffûgels, Berchgoargels en Koarrepûsters. Se wurde holpen troch Katja, dy’t alles wit...

8,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Foar altyd yn ús hert

gedichten en wurden fan treast

2017 || Hardcover || Dieuwke van der Meer-Posthumus || Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

Foar altyd yn ús hert

Gedichten en wurden fan treast

Soms is der safolle

wat wy fiele,

mar sa'n bytsje

wat wy sizze kinne.

17,99
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De Goargels

yn 't Frysk!

Hardcover || Jochem Myjer || Uitgeverij Bornmeer || met inkijkexemplaar

Midden yn ’e nacht wurdt Melle wekker. Der sit in frjemd wêzentsje op de râne fan syn bêd. It liket wol in boltsje wol, mei earmkes en skonkjes en twa hierrige, puntige earen. Mar as Melle it ljocht oandocht, is it wêzentsje fuort.

As er der op skoalle oer fertelt laitsje se him allegear út. Sels heit, dy’t biolooch is, seit dat it ûnsin is, dat sokke wêzentsjes net bestean. Mar Melle wit seker wat er sjoen hat …

No ek yn it Frysk, dit fantasyrike en spannende aventoer oer Goarge...

29,90
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De oerpolder Friese editie

Hardcover || Hylke Speerstra || 20 Leafdesdichten BV Bornmeer

27,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

It wrede paradys It ferfolch

Hardcover || Hylke Speerstra || Bornmeer, Uitgeverij

Utwreide werprintinge fan de bestseller It wrede paradys: 150 siden nij wurk: 34 tajeften by de âlde ferhalen, in hânfol nije libbensskiednissen, 32 fotosiden mei bylden fan de fertellers, en skôgingen fan prof. Henry Baron, prof. Douwe Draaisma en dr. Jan Dirk Wassenaar

19,90
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De Gouden iuw yn Boazum

It deistich libben fan gewoane minsken yn in doarpsmienskip

Hardcover || Philippus Breuker || Uitgeverij Bornmeer

Yn de gouden Iuw yn Boazum beskriuwt Philippus Breuker de libbens fan alle húshâldingen dy't fjouwerhûndert jier lyn mei elkoar yn ien doarp wennen. It giet oer gewoane minsken yn in karakteristyk Frysk doarp wennen. Guon wienen der berne, lykas har âlden, en soms wennen har bern der ek wer. Oaren kamen út de omkriten en in inkeling hie der gjin famylje. Sa omfiemet dizze doarpsmienskip yn 1640 twa iuwen, fan 1500 oant 1700.

Fan de 87 húshâldingen wienen in protte famylje fan elkoar, f...

12,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Nijntje op 'e buorkerij

Hardcover || Dick Bruna || 20 Leafdesdichten BV Bornmeer

24,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

In fauna fan ingels

2022 || Hardcover || Durk van der Ploeg || Het Nieuwe Kanaal

De haadpersoan yn dizze roman is in kroanysk psychiatrysk pasjint dy’t yn ’e rin fan syn libben ferskillende kearen yn kliniken en ggz-ynstellings opnommen wurde moast.

Sânenfjirtich jier nei de earste opname wennet er allinne yn it hûs fan syn âldelju. Omdat er oars net ien hat om mei te praten en om te witten wa’t er is fertelt er himsels syn libbensferhaal dat giet oer syn ferbliuw yn ferskillende ynrjochtings, oer syn psychoazen, eangsten, efterfolgingswaan en de labels dy’t hi...

12,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Fersen foar Fokje

Syklus fan Piter Jelles Troelstra

Hardcover || Bertus Mulder || Uitgeverij Bornmeer || met inkijkexemplaar

Yn de simmer fan 1881 krige de jonge Piter Jelles Troelstra ferkearing mei de boeredochter Fokje Frânses Pasma fan Westermar. Doe’t hy studint waard yn Grins, moast dit oer wêze neffens de famylje Troelstra.

Yn njoggentjin fersen fan Piter Jelles fynt men dêrfan de delslach. De fersen foar Fokje beskriuwe syn jongfeinte lok en lijen. ‘De leafde foel as simmerrein m’yn ’t hert,’ skriuwt er. De opgong, de twifel, de hope op better as de ferkearing in jier tusken heakjes set wurdt, ...