Zoekfilters

Resultaten (5)

16,50
Vandaag besteld,
dinsdag verzonden
+
Bestel

De humor yn

2018 || Paperback || Jan Schokker || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

Achterom sjen is miskien net sa handich. De âlde nekke kin der eins net oer en do sjochst ek saken dysto yn de sydspegels net sjen wolst. Oan de oare kant woe ik graach yn de humor en de humor is bytiden wreed. En ja, wa't yn de humor wurket is bekend mei de selsspot en sa'n relativearjende aap moat ek in sportive kant ha.

Yn dit boek sjocht Jan Schokker werom op syn libben, syn wurk en de skriuwerij. Hy docht dat mei in koartswilige ynslach en leit de neidruk op bysûndere ûnderfiningen en...

16,90
Vandaag besteld,
dinsdag verzonden
+
Bestel

Beafeart nei Saint-Martin (Heruitgave)

Paperback || Rink van der Velde || Uitgeverij Bornmeer

In Fryske sjoernalist ûndernimt in beafeart nei Saint-Martin. Yn de oarlochsjierren hat er, as finzene fan de Dútskers, yn it konsintraasjekamp fan Troyes sitten. Mei help fan de Maquis, de Frânske ûndergrûnske, koe er flechtsje. Heal as ûnderdûker, heal as partisaan hat er de lêste moannen foar de befrijing tahâlden op it lytse boerespultsje Ferme la Vacherie op it Frânske plattelân.

Dêr hat er kunde krigen oan Krysta, de jongfaam dêr’t er mear fan hâlden hat as fan de Fryske...

27,50
Vandaag besteld,
dinsdag verzonden
+
Bestel

Samle Fersen en Oersettingen fan Klaas Bruinsma

2018 || Paperback || Klaas Bruinsma || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

Samle Fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma is in bondel gedichten en sangen, byinoar garre troch Bruinsma sels. It grutste part fan de gedichten binne gelegenheitsgedichten fan syn eigen hân, benammen gedichten oer tsjerken. Dêrneist binne der bekende en mear ûnbekende gedichten fan oare auteurs, mei oersettings fan Bruinsma yn ferskate talen, en gedichten út oare talen, oerset yn it Frysk. Treflik binne ek de oersettings fan Aldfryske sangen.

Klaas Bruinsma is ferneamd om syn oersett...

21,50
Vandaag besteld,
dinsdag verzonden
+
Bestel

Pûlen-yn-de-pot

2018 || Paperback || Sjieuwe Borger || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

Sybren joech him oer oan it feest fan it yrrasjonele sûnder ien remming te fielen. Meidwaan ûnderstelde frijwilligens, dêr wie lykwols gjin sprake fan, mar dat joech no neat. Hy gong op yn it momint en liet him meitôgje troch it fjoer fan de ûnberonge groepsdrift. De ober hie besocht harren del te bêdzjen. Doe't Richie in klap fan him krige waarden de soasjeteitsleden sels lilk en soene sy de ober te nei. De praeses fan de Kroechkommisje wie der lokkigernôch foar sprongen. Sybren liet...

17,95
Vandaag besteld,
dinsdag verzonden
+
Bestel

De wraak fan de puzelman

In Frysk doarp yn 'e ban fan brân

Paperback || Hedzer T. Hooijenga || Het Nieuwe Kanaal

In Frysk doarp yn'e ban fan brân

De puzelman hie in fleurich bedriuw opboud, in goede bargemesterij. Dat siet lykwols in rike sakeman yn 'e wei, fanwegen de stank dêr't syn frou oer eamele.

Mei falske arguminten wrotte er krekt salang dat it bedriuw fan syn buorman fallyt gong. Net ien fan de doarpsgenoaten dy't in hân útstiek om de eigener by te stean. Dat rôp, nee skreaude om wraak!

Hedzer T. Hooijenga waard berne op 'e Harste ûnder Sumar. Yn 'e jierren santich begûn er mei it publi...