Zoekfilters

Uitgever
Het Nieuwe Kanaal (3)

Resultaten (6)

17,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Harm van der Meer fertelt

mei foto’s fan Henny van den Berg

Paperback || Harm van der Meer || Bornmeer, Uitgeverij

It libben fan dirigint, muzykmaster en minskeman Harm van der Meer (Bantegea, 1940) spile him ôf tusken de skoallen, koaren en orkesten, tusken jonge en âlde minsken, yn doarp en stêd, en yn it iepen fjild. De minsken en de muzyk joegen him genôch stof om in tal ûnferjitlike ferhalen en anekdoates op te skriuwen, dy't yn dizze bondel sammele binne.

Yn de wurden fan Hylke Speerstra: 'Optredens mei Harm van der Meer as ynspirator op de bok hiene faak bysûndere mominten. Der kamen mominten...

19,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De nacht fan Mare

Paperback || Willem Schoorstra || Het Nieuwe Kanaal

Mare, santjin jier, iennichst bern, beskerme grutbrocht yn in begoedige húshâlding. Thomas, twaentweintich jier, soan fan in kroechbaas en op 'e syk nei syn plak yn de weareld. Dat binne de haadpersoanen yn dizze nije roman fan Willem Schoorstra. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock 'n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattings en represje ûntjout him in relaasje dy't alles mei fer...

22,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Famke famke

Paperback || Ale S. van Zandbergen || Het Nieuwe Kanaal

Aam is in famke fan santjin dat net efter de keppel oan hobbelet; se lêst Couperus - yn 2012 - en tinkt nei oer wat se lêzen hat, dreamt har in bettere wrâld. Se wennet mei har heit op 'e Pôle, tegearre allinnich 'in the middle of nowhere'. By Haije Alkema, har learaar Nederlânsk, hat Aam in fin mear as in bears.

Haije hat yn trije desennia net sa'n treflike learling hân. Oant koartlyn hat er har mentor west, mar har begeliede dat slagget langer net as it lesjaan him jimmer swierder fa...

22,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Littenser Merke (Heruitgave)

Paperback || Ale S. van Zandbergen || Het Nieuwe Kanaal

Yn de Fryske greidhoeke longeret Eeuwkje, in jonge dûmnysfrou, nei in bern. Wêrom is har man, dûmny Laurman, net by steat om har djipste winsk te ferfoljen? Hy hat de hannen mear as fol oan strideraasjes op tsjerklik mêd, mar dat kin dochs net de iennichste reden wêze? Alles stiet yn bloei, ek Eeuwkje, mar it duorret ferskuorrend lang foar de ferlossing komt.

Mear as in ieu letter libbet it slachterssoantsje Liuwe Bosgra yn itselde doarp, mar wol yn in hiele oare tiid. Superyntelligint e...

18,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Waatze Gribberts brulloft & It Libben fan Aagje IJsbrants

Paperback || Eric Hoekstra || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

Twa bestsellers út 'e 18e iuw yn ien boek!

Waatze Gribberts Brulloft

En

It Libben fan Aagtje IJsbrants

Waatze Gribberts Brulloft is in rûch ferhaal oer simpele harry's. Se sûpe, se frette en se tjirgje har en dochs bedoele se it net ferkeard. Bejubele yn 'e 18e iuw, ôfkreake yn 'e 19e iuw. Wat fine jo derfan, yn 'e 21e iuw?

It Libben fan Aagtje IJsbrants is in humoristysk ferhaal oer pratende pronkjende froulju. It lit sjen hoe't Aagtje harsels foar de gek hâldt en jout in prachtich by...

19,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Hoe’t God ferdwûn út Jorwert

in Nederlânsk doarp yn ’e tweintichste ieu

Paperback || Geert Mak || Atlas Contact

De Fryske oersetting fan in ikoanyske útjefte: Hoe God verdween uit Jorwerd.

Mei in wiidweidich aktueel neiwurd troch Geert Mak.

Hoe't God ferdwûn út Jorwert is de wilens klassike biografy fan in doarp yn 'e tiid fan 'e stille revolúsje tusken 1945 en 1995. It is it ferhaal fan 'e boeren en it jild, fan 'e lytse winkellju en de oprukkende stêd, fan 'e tsjerketoer dy't ynstoarte en de ymport dy't langer net groete, fan de natuer dy't weromkaam en tagelyk ferdwûn. Wat is der bard op it p...