Tsien fan Hylkje, ferhalen fan Hylkje Goïnga

Voorzijde
Achterzijde
7,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel
ISBN: 9789492176356
Uitgever: Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk
Verschijningsvorm: Paperback
Auteur: Hylkje Goïnga
Druk: 1
Pagina's: 80
NUR: Verhalenbundels

De bondels mei koarte ferhalen fan Hykje Goïnga (1930 - 2000) binne al lang útferkocht. Foar titels as Twa dames yn in DAF, Thús is de Maggi op en In superman fersûpt net wienen destiids in protte lêzers. De "Martha-aventoeren", fol nuveraardige situaasjes en brike setten, binne fan alle tiden. Hylkje Goïnga wurdt wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer

Roald Dahl. Krekt as Dahl hat se der aardichheid oan om it ûnwierskynlike as deagewoan foar te stellen. De lêzer wurdt geregeld op ' e ferkearde foet setten omdat de ferhalen oan de ein faak in hiel ûnferwachte, soms absurde draai meitsje.

Op fersyk fan Thys Wadman hat Douwe Kootstra de opdracht krigen om "tsien fan Hylkje" út te sykjen. Net dé tsien fan Hylkje. Nee, gewoan tsien ferhalen dy't karakteristyk binne foar har wurk: koart om 'e hoeke, humoristysk en bysûnder.