Zoekfilters

Verschijningsjaar
2011 (2)

Detective (6)

18,95
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Djipdún / druk 1

in Ale Alema-mystearje

2011 || Paperback || Jan Schokker || Elikser B.V. Uitgeverij

Anna Buttenveldt van Him fan Beetstersweach wurdt fermist. Har man Germ kloppet by resjersjeur Ale Alema oan, mar as se de twadde kear ôfprate fynt de Bontebokker Germ yn it koetshús, delslein. De fynst fan it boek Dramatysk Djipdún, skreaun troch Anna is it begjin fan in speurtocht dy't djip giet. Fan de kelder ûnder it koetshús nei it topke fan it dún mei it fakânsjehûs op Skiermûntseach. It dollen yn it mystearje út it ferline is dreech en de wierheid is net samar boppe it waad, ...

18,95
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

De SUC-saak en de bonken fan Brongergea

in ale alema-mystraerje

2011 || Paperback || Jan Schokker || Elikser B.V. Uitgeverij

Resjersjeur Ale Alema fan it plysjeburo fan it Hearrenfean sit wat yn in labile tiid. Wurk is der genôch om yn ûnder te dûken en miskien om wer wat hâldfêst yn te finen. Lykwols, tusken de drokke dagen sitte de swarte nachten en de flesse drank is op ‘e taast wol te finen.

Foar oerlis yn in saak oer stellen djoere auto’s komt Ale yn ‘e kunde mei twa froulike kollega’s, Petra Zeijlstra en Rykje Wybenga. Sy sitte yn it saneamde SUC-team. Geandewei it ûndersyk hat Ale it gefoel dat hy ...

17,50
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Lykspul

2012 || Paperback || Jan Schokker || Elikser B.V. Uitgeverij

Plysje-ynspekteur Ale Alema sjocht mei nocht nei in fuotbalwedstryd fan SC Hearrenfean tsjin Ajax, mar dan wurdt er der ynienen by weihelle. Der is in lyk fûn yn de klaaikeamer en dat is nuver tramtearre. It is de kondysjetrener fan de klub, in man dy't net oeral like noflik lei. Der leit in link mei in Sweedske spiler en ek mei in soartgelikense moard yn Sweden. De Bontebokker speurder krijt diskear immen fan justysje, Nanke Niesting, in âlde bekende fan Ale, tawiisd, om dit mystearje mei ...

22,50
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

Tichtby

Paperback || Jan Schokker || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

De kop fluitet en kreaket him. Freegjen is in belangryk part fan syn wurk, mar hy hat ynienen gjin fragen mear. Hy pakt Ryk by de skouders en se ferwart har no net. Trochelkoar skodzje wol er har, mar docht it net. Ynstee dêrfan lûkt er har tsjin him oan. Soks docht er oars net. It is begrutsjen, miskien wanhoop, in meilibjen, in ynlibjen.

'Moatst my helpe Ale,' seit se mei in smoard lûd.

'Wêr is lytse Lutzen?'

Plysjeman Ale Alema rekket diskear djip betize yn de leafde en yn de misdied. Syn...

14,95
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

De flecht fan Victor

2021 || Paperback || Jan Schokker || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

It liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sûnt koart oan ’t sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega’s iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, dêr’t in wike lyn dochter Tine fan ferdwûn is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dysel...

19,95
Vandaag besteld,
maandag verzonden
+
Bestel

De heit

2022 || Paperback || Jan Schokker || Elikser B.V. Uitgeverij

Maart is dûbeld bysûnder, betink ik. Se is om lilk op te wurden en tagelyk om te aaien, se is en gek en leaf, je wolle har straffe en oankrûpe tagelyk, alle kearen ferbetterje mar ek hieltyd graach leauwe wat se seit. Se is bytiden sawol in gefaarlik fjoer as in amerfol kâld wetter.

Ald-resjersjeur Ale Alema is twa moanne mei pensjoen en kin mar net wenne oan syn tefolle oan lege tiid. En dan bellet Maart.

Beke Maart den Backer is in freondinne fan Ale syn ferstoarne frou Els en in krûd...