Zoekfilters

Verschijningsjaar
2021 (2)

Resultaten (13)

22,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Wyn fan de winners

Paperback || Hilda Talsma || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

Wyn fan de winners is it tredde en lêste diel fan de Wyntrilogy. De famylje Kamstra sil besykje om wer yn 'e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden. Johanna hat oare prioriteiten no't se mem is, en mei de Onnie's yn it fermidden witte je noait hoe't de wyn waait. De leafde tusken Roos en Joost wurdt swier op 'e proef steld en de nije bemanningsleden út Frisum soargje foar de nedige konsternaasje. It wurdt wer in wike fol ferrassingen.

Mei Wy...

19,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Slangen ûnder it bêd

Paperback || Hilda Talsma || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

Marte en Rienk geane mei de klasse nei Amsterdam. As Marte op in jûn by in knappe jonge út har jeugdherberch sitten giet ynstee fan by har freonen, hat er gjin goede bedoelings mei har. De jonge en syn maat nimme Marte mei, mar litte har efter as se neat mei har wurde kinne. Rienk fljocht him út 'e naad om har werom te finen en sa komme se yn 'e kunde mei Justine en har soannen. Yn in foto-album by Justine thús sjocht Rienk ta syn fernuvering in foto fan in echt Piipster skûtsje. Dat ...

22,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Flammen

2012 || Paperback || Hilda Talsma || Elikser B.V. Uitgeverij

Elske is drok dwaande mei de tariedings foar har houlik mei Ronny. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen en dêr spuit har famylje raar guod fan, sjoen Betty har reputaasje yn it doarp. Mar Betty hat in protte talinten en krijt dêrtroch suver mear oansjen. Fêstberet om Elske net teloar te stellen, seit se ta dat se har gedrage sil, mar se komt foar grutte útdagings te stean. Elske, ek net altyd like handich yn it oersjen fan har eigen spontane aksjes, hat der noed oer o...

22,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Brekber

Paperback || Hilda Talsma || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

Sinne kin better mei hynders as mei minsken. Dy begrypt se teminsten en sy begripe har. Freonen hat se net, ôfsjoen fan Jorrit dy't se al har hiele libben kin en dêr't se letter in relaasje mei krijt. Hy begrypt har folslein, mar wol mear fan har as dat se him jaan kin.

As se mei har âlden en sus nei Sardinië giet, op besite by har earder noch ûnbekinde pake en beppe, wurdt dúdlik wêr't Sinne har leafde en talint foar hynders fan hat mar ek har ûnfermogen om echt kontakt mei minsken t...

12,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Lockdownleafde

Paperback || Hilda Talsma || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

Panhuys is de populêrste klup fan Ljouwert. Dat komt foaral troch eigener en DJ Ewald, dy’t de sfear ta grutte hichten wit te bringen. Mar dan komt koroana. It lân leit plat, de klup moat slute en Ewald is syn hâldfêst kwyt. As er syn suster helpt mei de húshâlding docht bliken dat er dêr tige slach fan hat en al gau bedarret er ek op oare plakken. Wylst er sa goed mooglik syn bêst docht, komt er troch ferskate froulju yn yngewikkelde situaasjes telâne.

In humoristysk en spannend ...

21,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De Onniefariant

2023 || Paperback || Hilda Talsma || Elikser B.V. Uitgeverij

It koroanafirus hat de wrâld al twa jier yn ’e greep. Lockdowns, faksinaasjes en oare maatregels ha in grutte wjerslach op ’e minsken. De grutte ûnwissichheid oer alles makket dat minsken hieltyd mear tsjinelkoar oer komme te stean. Ek de Onnies reitsje slim ferdield as it op pandemy en polityk oankomt. As dan ek noch de koarte, mar yntinse relaasje tusken Roos en Richard fan trije jier lyn oan it ljocht komt, rinne de frustraasjes oer en wer sa heech op, dat de famylje útinoar driget ...

22,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Wyn fan de wierheid

Paperback || Hilda Talsma || Elikser B.V. Uitgeverij

Wyn fan de wierheid is it ferfolch fan de bestseller Wyn fan feroaring. De famylje Kamstra sylt foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. It famyljegeheim drukt noch altyd in stimpel op Johanna har libben. Se liket ek mar net fan har eks-skoanfamylje ôf te kommen, en Ate is net tefreden oer it nije túch. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna boppedat ek noch tsjinst dwaan as sintraal pu...

24,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

Frisum Trilogy

Paperback || Hilda Talsma || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda Talsma oer it doarp Frisum bondele.

It earste diel, De twadde hûd, begjint mei it ferhaal fan Elske, dy't tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil. Dat kin lykwols net mei har man Sjoerd, want dy is ûnfruchtber. En dan stiet dy bekende âlde karavan op it merketerrein, mei har jeugdleafde Ronny. Yn it twadde diel, Flammen, is Elske dwaande mei de tariedings foar har houlik. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wÃ...

21,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De Onnie's en it hynstebal

2019 || Paperback || Hilda Talsma || Elikser B.V. Uitgeverij || met inkijkexemplaar

It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op 'e kop troch in ûnferwacht foarfal, wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de camping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt op it goede momint. De Kamstra's geane derhinne om te helpen en dat bringt de Onnie's yn kontakt mei in hiele oare wrâld, dy fan de hynders. Se ha de smaak al gau te pakken en Connie set Wildrik, in eigenwize Fryske hynst dêr't sels Hindrik...

21,50
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel

De twadde hud

2011 || Paperback || Hilda Talsma || Elikser B.V. Uitgeverij

Elske hat in opstannige dochter, in man dy 't nei in ûngeluk de moed opjûn hat, mar dochs docht se har bêst om wat fan har libben te meitsjen. Lykwols, djip yn harsels heakket der wat.Se tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil, mar dat kin net mei Sjoerd, dy is ûnfruchtber. Se sit sa fol fan har bernewinsk, dat se op in stuit yn beskonken tastân in drastysk beslút nimt. Mar de keardel dy't se útsiket om har dream útkomme te litten, foldocht likemin oan har winsk. Se h...